Sint Piter yn Grou

febrewaris 19, 2020 18:57

Skôging

Foto: Nynke Beetstra

Op it stuit is Sint Piter yn Grou. Doe’t de skoallen yn Grou sels noch útmakken wannear’t de krookjefakânsje holden waard, kaam er altyd op de sneon foar 21 febrewaris oan wâl. Dat kin net mear, want de skoallen moatte har oan de lanlike fakânsjeregeling hâlde. Sint Piter hat him mar oan te passen, want sûnder de skoalbern wol er syn jierdei net fiere. Dêrtroch hold er dit jier al op 8 febrewaris syn yntocht (degrouster.nl/item/sint-pitervideo-2020), lykas alle jierren ûnder grutte belangstelling fan Grousters en âld-Grousters. Op 21 febrewaris wurdt er altyd útswaaid, ek wer troch in protte minsken op it Halbertsmaplein. Dy datum kin net feroare wurde. Dy hinget gear mei de tsjerklike fierdei Sint Piters Stoel (Cathedra Petri) op 22 febrewaris. Sa’t de fierdei (net jierdei mar stjerdei) fan Sinteklaas op 6 desimber is, mar it húslike feest op sinteklaasjûn, de jûn foarôfgeand oan de fierdei, sa is it ek mei Sint Piter: de offisjele fierdei is 22 febrewaris, mar it feest wurdt de deis dêrfoar holden. Dat foarútgripen, it hjeljûn hâlden, komt noch fan de joadske tradysje dat de nije dei begjint nei it ûndergean fan de sinne.

Fierdagen

Dy aparte namme fan de fierdei hat dermei te meitsjen dat de Roomske tsjerke oan de apostel Petrus mear fierdagen wijt. Petrus wie fansels de grutste opperteur ûnder de tolve dissipels fan Jezus én hy wie de earste biskop fan Rome en dus de earste paus. Op 22 febrewaris wurdt de stifting betocht fan de biskopsstoel fan Antiochië yn Turkije, dêr’t neffens sizzen Petrus ek biskop west hat. Op 1 augustus wurdt betocht dat Petrus, dy’t neffens de ferhalen troch kening Herodes finzen nommen wie, frijlitten waard. Dy dei hjit Sint Piters Bannen. Op 29 juny wurdt betocht dat er om it jier 65 hinne, tagelyk mei de apostel Paulus, op befel fan keizer Nero krusige is. Dy nammedei hjit it Heechfeest fan de hillige apostels Petrus en Paulus. Yn Nederlân en België is dat gjin ferplichte fierdei mear.

Maitiidsfeest

Doe’t Grou om 1125 hinne in tsjerke krige, waard de apostel Petrus (Sint Piter) de beskermhillige en waard 22 febrewaris dus syn tinkdei. Dy foel gear mei de feroaring yn de natuer dy’t yn de lêste wike fan febrewaris waar te nimmen is. Sint Piter waard linkenoan ek de beskermer fan fiskers en skippers. It earste útfarren fan de fiskers nei it winterskoft waard altyd al mei feesten fierd. Dat wie ek de tiid dat nije hieren fan sawol lân en pleatsen as fan tsjinstfolk yngiene en dat jongelju trouden. It âldste Sint-Piterlietsje, dêr’t Eeltsje Hiddes Halbertsma syn ferhaal ‘De Sint-Piterboask’ (boask = houlik) mei begjint, wiist dêr ek op.

Dat lietsje, dêr’t Halbertsma om 1850 hinne fan skreau: “Sa sa songen de berntsjes foar twahûndert jier it ek al yn it âlde Grou”, is in ferkoarte ferzje fan it ferske dat de klassikus Johannes Hilarides (1648-1726) skreau; hjir yn de hjoeddeiske stavering werjûn:

___Sint Piterdei
___dan grienet de wei,
___dan lammet de ei, (= skiep)
___dan wient de skieriel, (= giet nei it pearplak)
___dan bettert it miel,
___dan keallet de ko,
___dan koert de do,
___dan drûget de daam,
___dan waandret (= ferhuzet) de faam,
___dan keakelt de hin,
___dan grienet de fin, (= wurdt it lân grien)
___dan giet it de húsman (= boer) wol nei ’t sin.

Dy feesterij hie yn de tiid fan dokter Eeltsje noch neat fan it sinteklaasfeest sa’t dat sûnt 1850 troch de Amsterdamske ûnderwizer Jan Schenkman yn syn printeboek Sint Nikolaas en zijn knecht modernisearre waard. Yn Grou wie it wol in feest fan kadootsjes en swietekou. De geheimsinnichheid waard fuorre troch frjemd ferklaaide typen, behongen mei ratteljende keatlingen, om de bern bang te meitsjen. Oft dat doe al in âlde Sint-Pitertradysje wie, sa’t de bruorren Halbertsma it foarkomme lieten, is mar de fraach. Dêr straks noch wat mear oer.

Modernisearring

Foto: Nynke Beetstra

Sûnt it begjin fan de tweintichste iuw hat it feest fan Sint Piter in soad wei fan it sinteklaasfeest. Yn 1901 krige de beukerskoalle yn Grou in nije juffer, Ryk Jansen, berne yn Grins. Dy wie fan betinken dat de bern te koart kamen, trochdat harren it sinteklaasfeest ûntholden waard. Se betocht in alternatyf. Yn febrewaris 1903 liet se in Sint-Piterfiguer yn skoalle komme dy’t mei Sinteklaas meunsterje koe. Syn klaaiïng wie wat oars, mar net minder moai, en syn hynder wie swart. Hy hie genôch oan ien Swarte Pyt. Yn 1904 die dy Sint Piter syn yntree yn de doarpsmienskip. Sa is it bleaun en dêrmei kin fan in hechte tradysje praat wurde. Al wenje der sa stadichoan mear nijynkommelingen yn Grou as âld-Grousters, it Sint-Piterfeest wurdt breed droegen. Dat is benammen te tankjen oan de skoallen. Troch de bern komt it ek yn dy húshâldingen dy’t út harsels faaks sinteklaazje soene. Omdat de bern – en it doarp! – net te koart dien wurde mei, wurdt der ek alle jierren in Sint-Pitermearke opfierd, in hiele wike lang, foar jong en âld.

Bruorreferhaal

Yn 1905, neidat dat juffer Jansen har alternative fiering yntrodusearre hie, kaam de Ljouwerter Krante mei in ferhaal fan de neerlandikus/histoarikus J.B. Schepers, dat Sint Piter in broer wie fan Sinteklaas. Dy beide koene net sa goed mei-inoar en Sint Piter hie dêrom de wyk nommen nei it efterôf lizzende Grou, dêr’t er de rol fan goedhillichman op him naam. Yn in oare útlis hjitte it as soene de bruorren wol goed mei-inoar kinne en alles tegearre berêde. Doe’t se yn Jirnsum wiene ûntdieken se dat se de pakjes foar Grou net by har hiene. Sint Piter gie doe werom nei Spanje en helle se op. De reis hie safolle tiid nommen dat it al febrewaris wie ear’t er yn Grou oankaam. De Grousters wiene bliid mei syn aksje en woene him tenei altyd hawwe. Dat de beide woldwaners bruorren wêze soene, dûkte dit jier ek wer yn de krante op. It wol de Grousters lykwols net oan. Dy hâlde it op ‘in âlde tradysje’, beskreaun troch harren âld-dokter Eeltsje.

Iuwenlange tradysje?

Hûndert jier letter – op 19 febrewaris 2005, de dei fan de yntocht – waard yn it ramt fan in bûtengewoane Sint-Piterfiering in sympoasium holden mei fjouwer sprekkers*. Ien fan harren, dr. John Helsloot, folkskundige by it Meertensinstituut (KNAW) yn Amsterdam, behannele spesjaal de Grouster Sint-Pitertradysje. Hy hie in yngeande stúdzje makke en kaam ta de foarsichtige konklúzje dat Eeltsje Halbertsma mei syn bydrage oan de Friesche Volksalmanak van 1837 en letter mei syn ferhaal ‘De Sint-Pitersboask’ Grou in hantsje holpen hat by it finen fan in eigen tradysje, dy’t der noch net wie, mar dy’t de minsken wol oan woe. Dêrmei sette er Grou op ’e kaart. Halbertsma syn set paste yn de minsklike langst nei of it ferlet fan it weromsjen te kinnen op in heldhaftich ferline en in bysûndere eigen kultuer. Sa’t wy tsjintwurdich lêze kinne, barde soks faker. Yn syn tiid krige bygelyks it noch jonge Keninkryk fan de Nederlannen ek in skiednis taskreaun, lykas de Gouden Iuw, dy’t de politisy fan doe goed útkaam. De Grousters steane dus yn in lange tradysje, al is dy nei alle gedachten net sa lang as wol tocht wurdt.

tekst Jan Breimer, foto’s Nynke Beetstra
Grou, 19 febrewaris 2020

Boppesteande gegevens haw ik, njonken petearen mei ‘echte’ Grousters en ynformaasje op it ynternet, foaral ûntliend oan:

  • ’k Wit ien dei yn it ’t jier – In histoarysk oersjoch fan Sint Piter yn Grou, útjefte fan it Sint Piterkomitee Grou, 2003
  • J.I.A. Helsloot, ‘De Sint-Pitertraditie in Grou in vergelijkend perspectief’ yn: Sint Piter te Grou, documentatie bij het Sint Piter Weekeinde 2005, útjûn troch de Sint Piter Gemeente Grou
febrewaris 19, 2020 18:57
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. aant mulder febrewaris 19, 19:10

    In moai oersjoch oer SInt Piter, doe en no, dêr’t alle dingen kreas yn te plak komme te stean. Ik ha it mei nocht en wille lêzen.

  2. Henk febrewaris 19, 23:20

    Kreas stik, Jan!

  3. Cor Jousma febrewaris 23, 12:56

    Tige by tige Jan!

  4. Jan A. Schulp febrewaris 26, 12:13

    Sûnt begjin 2019 wenje ik yn Leien, de stêd fan Sint Piter, mei de kaaien fan it himelryk, dy’t, lykas bekend, yn hannen fan dizze hillige apostel binne. Doe’t ik by dit prima arikel de foto fan Sint Piter seach kaam it my ynienen yn ‘t sin: wêrom hat sint Piter feitlik nearne in kaai yn syn klean, bgl. stool of myter? Tink dêr ris oer nei!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.