Simone Djurrema: Oaljefanten

febrewaris 15, 2020 20:00

Kollum

Yn it Ingelsk hawwe se in útdrukking: de oaljefant yn ’e keamer. Faaks kenne jim dy wol. It betsjut dat je om ’e hjitte brij hinne draaie.

Ik tocht dat ik, nei yn ’e measte kollums oer leave en aardige ûnderwerpen skreaun te hawwen, mar ris in pear oaljefanten besprekke sil. Lit ús dizze kear begjinne mei rasisme en kriminaliteit. Dat slagget spitigernôch net yn myn gebrûklike fiifhûndert wurden.

Rasisme is yn hiel Europa nochal in dinkje wurden. Yn Nederlân ek, mar Sweden rint dochs wol mei in foarsprong oan kop. Tsjin in nij oan te lizzen snelwei kin al protestearre wurde, omdat er rasistysk is trochdat er by in wyk lâns oanlein wurde soe mei mear bûtenlanners as Sweden. Hjir besteane ek ‘negerbollar’ dy’t no ‘chokladbollar’ hjitte en sa binne der noch in pear dingen. It falt my op dat kollega’s mei in hijab (holledoekje) faak efkes wat freonliker begroete wurde as de oaren. Je kinne ommers mar better oan ’e feilige kant sitte. Oars binne je rasist.

Ik bin grutsk op myn Fryslân en fyn dat eltsenien grutsk wêze mei op syn lân. De Sweden en alle kultueren dy’t hjir hinne kommen binne ek. Mar ik kaam der efter dat it wurd ‘nasjonalisme’ in fiis wurd wurden is hjir. As je grutsk op Sweden binne, wurdt dat troch in protte as in útdrukking fan nazisme sjoen. Bûtenlanners meie wol grutsk op Sweden of harren eigen lân wêze. Ik seach al ris in filmke fan allegearre donkere minsken dy’t hiel bliid de Sweedske Nationaldei fierden. Net in blanke te bekennen. Der waard by sein dat allinnich net-Sweden dat noch dwaan kinne sûnder útmakke te wurden foar rasisten en nazys.

No kin dat filmke bêst in detail wêze dat de werklikheid net werjout, mar dy konstante ûnwissichheid dat je wat ferkeard sizze kinne, ferkeard út de eagen sjen kinne, ferkearde dingen dwaan kinne dy’t as rasistysk sjoen wurde kinne, is net sa noflik. Ik fiel dat dochs wol wat, en ik tink in protte mei my.

No is it dus heech tiid dat ik fertel oer myn Iraanske freonen, dêr’t in oantal fan kristen is, en myn goede Syryske freondinne, dy’t moslima is, want jimme koene ris tinke dat ik rasist bin. Ik bin tige tankber dat ik harren haw, want dan kinne we dit soarte dingen teminsten beprate. Ik kin gewoan alles op ’e tafel goaie en dan hawwe we it deroer.

Wy beprate bygelyks dat de plysje by arrestaasjes gjin lân fan oarsprong notearje mei. Myn freonen fine dat de kriminelen hjir gewoan wei moatte, want troch al it fertsjustermoanjen tinke in protte dat bûtenlanners alles dogge en der wurde ek hiel goede minsken op oan sjoen. Dat oan de iene kant wurde se better behannele, mar oan ’e oare kant waakst it rasisme troch de tanommen kriminaliteit en de ûnwissichheid.

Wat se hjir yn Sweden foar in part út it nijs besykje te hâlden en wat we bytiden út Nederlân hearre moatte is wier. Der binne in protte wiken dêr’t je hielendal net hoege te kommen as westerling. En nachts hoecht in frou leafst hielendal net mear oer de dyk te gean op in protte plakken. Yn Stockholm is in Nederlânske studint rekke troch in ferdwaalde kûgel. Yn Malmö en oare grutte stêden komme granaatûntploffingen hiel faak foar.

Untplofte granaten yn Sweden. Boarne: Sweedske telefyzje

Yn Vänersborg en Trollhättan – de stêden dy’t it tichtst by ús lizze, op noch gjin trije kertier riden – is der aloan mear ûnrêst yn bepaalde wiken. En ja, der wurde allinnich al yn Trollhättan trochstrings mear as twa auto’s yn ’e moanne yn ’e brân stutsen. Yn ús eigen lytse Mellerud mei mar krapoan fiiftûzen ynwenners begjint it ek. Inkeld hearre we dat ferskillende binden op ’e dyk inoar te liif geane. De omwenners fine dat tige aaklik en binne bang. Der is al ris sketten yn in flat. Mar dat bart net sa faak, dat soks is fuort te redenearjen. Dat waard lestiger doe’t in man yn 2018 syn frou deamakke om earwraak. Of doe’t op in jûn in pear wike lyn in jonge deastutsen waard om’t der rûzje kaam tusken twa binden dy’t yn ’e drugs sitte. Se kamen út Göteborg, wurdt der dan sein. Dy minsken hjitte net Sven of Sören. En de jonge Björn en Lars, dy’t sels al op wei wiene nei in hopeleaze takomst, tinke op it lêst ek, wat makket it allegearre noch út, lit ús ek mar ris in pear blombakjes omskoppe en wat oare dingen ferniele.

Lang om let, nei in protte jierren fan ûntkenning en dat oare lannen Sweden brûke as foarbyld hoe’t it net moat, jout de minister-presidint ta dat it net hielendal gien is sa’t se ferwachte hiene. De oaljefant is beneamd! En eltsenien wit dat erkenning it begjin is fan it oplossen fan problemen. Dat wy meie hoopje dat der wat oan dien wurdt. Want it is in prachtich lân mei fantastyske minsken, en dan haw ik it net allinnich oer de Sweden, mar oer eltsenien dy’t meidocht oan it fierder opbouwen en ûntwikkeljen fan dit lân. Dêr moatte wy alles oan dwaan, sadat de kriminaliteit en de minske-ûntearjende tradysjes dy’t net yn de wrâld passe, wike foar de lykweardige noarmen en wearden dêr’t Sweden sa bekend om stie en dy’t se sa graach diele woene. Want dat dielen wolle wy mei trochgean.

Mei dy hoop geane we fierder. Wy, myn man en ik, hawwe gjin spyt dat we de stap weage hawwe en ik kin Sweden noch hieltyd tige oanbefelje as fakânsjelân. Wolkom!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
febrewaris 15, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gjalt Faber febrewaris 16, 18:50

    Kollim Simone Djurrema

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.