Sân Bafta-awards foar film ‘1917’
Resint ferskynd
De film 1917 foel sân kear yn ’e prizen by de útrikking fan de Bafta-awards. 1917 waard de bêste film en wûn yn noch seis oare kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste spesjale effekten.
It drama fan regisseur Sam Mendes giet oer Britske militêren yn de Earste Wrâldoarloch. Twa jonge militêren krije opdracht om dwers troch de frontline te gean om Britske bataljons te warskôgjen dat se troch de Dútsers yn in hinderlaach lokt wurde. 1917 wie foarige moanne ek de grutte winner by de útrikking fan de Golden Globes.
De Súd-Koreaanske film Parasite foel ek yn ’e prizen. De bêste besjoene Aziatyske film yn Nederlân ea wûn in Bafta foar bêste film yn in oare taal en bêste senario.
De priis foar bêste aktrise gie nei Renée Zellweger, foar de biografyske film Judy. Joaquin Phoenix waard bekroane foar syn haadrol yn Joker. Beide akteurs krigen earder al Golden Globes foar dy rollen.
De Britske film- en telefyzjeprizen waarden útrikt yn de Royal Albert Hall yn Londen. Praatsjolieder Graham Norton presintearre de jûn. Op 10 febrewaris wurde de wichtichste filmprizen fan de Feriene Steaten, de Oscars, útrikt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje