Sa komt Fryslân troch it bluisterige waar hinne

febrewaris 9, 2020 19:20

Foto: morguefile.com

Der mâlgûlt in balkebrekker oer it Fryske lân. It giet bytiden mâl. It KNMI hat op it skoftsje tiid fan seis oere oant tsien oere op sneintejûn de oantsjutting ‘koade oranje’ plakt en de goerie jûn om net de dyk op as it net perfoarst hoecht. Mei in karke efter de lúkse wein ride, mei in frachtauto de dyk op of te boatsjefarren gean is fansels hielendal dommeljusdwaan.

Stoarmen krije fan it KNMI sûnt dit jier nammen. Dy fan snein is Chiara doopt. Dat is in Ierske famkesnamme, dy’t útsprutsen wurdt as ‘Kiera’.

Kiera is in bluisterich frommes en de brânwacht hat der de hannen oan fol. Rûnom yn Fryslân binne beammen omwaaid en binne tûken delkommen. Yn Suwâld hat in omfallende beam in gaslieding stikken lutsen, mei in gaslek as gefolch. Parken en boskjes binne tichtset om’t der grut gefaar bestiet dat foarbygongers der tûken op ‘e holle krije. De Lange Merkstrjitte yn Ljouwert is ek tichtset, mei’t der swiere gevelplaten nei ûnderen komme, dy’t de sydkanten fan ‘e hege fletgebouwen dêre ôfdekke. Soks is de ôfrûne jierren op dat plak faker foarkommen as it ris wat bluisterich waar wie.

Yn Wynskoat yn Grinslân gie it hielendal mâl. By de fêstiging fan meubelsaak Jysk dêre stiet alle guod hommels heal bûtendoar, mei’t de foarste gevel ynstoarte.

It bliuwt moandei ek bluisterich. Der jildt dan foar Fryslân en de oanbuorjende provinsjes koade giel.

febrewaris 9, 2020 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.