Rjochtsaak tsjin Waadhoeke 24 maart 2020 yn Ljouwert

febrewaris 21, 2020 15:46

Ynstjoerd

Koartlyn haw ik berop oantekene by de bestjoersrjochter tsjin in beslissing fan de gemeente Waadhoeke om net oer te gean ta harmonisaasje fan plaknammen. It giet derom dat krekt as yn de gemeenten Menameradiel en Littenseradiel, dêr’t Waadhoeke mei út ûntstien is, ek yn de plakken fan de eardere fúzjegemeente Frjentsjerteradiel de Fryske nammen offisjeel fêstlein wurde yn de BAG (Basisadministraasje Adressen en Gebouwen), sadat alle ynwenners tenei yn de kommunikaasje mei de oerheid (bygelyks de Belestingtsjinst) de Fryske nammen brûke meie, dus ek binnen de Nederlânske kontekst. As ôflate dêrfan wurdt it ek mooglik om de plaknammebuorden te ferfryskjen.

Sakrekt haw ik tynge krige fan de ôfdieling bestjoersrjocht fan de rjochtbank Noard-Nederlân dat dizze saak behannele wurde sil op tiisdei 24 maart, moarns om 9.30 oere yn de rjochtbank fan Ljouwert, Saailân 102. De útkomst is net allinnich wichtich foar de bewenners fan Waadhoeke, mar kin konsekwinsjes hawwe foar soartgelikense saken yn hiel Fryslân. Dêrom rop ik eltsenien op nei dizze rjochtsaak te kommen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

febrewaris 21, 2020 15:46
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga febrewaris 21, 16:46

    Ik bin benijd wat de rjochter der fan seit Jehannes. It Frysk moat foaroan komme.

  2. Cor Jousma febrewaris 23, 12:44

    Kinne wy ús by dy opjaan foar de publike tribune?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.