Reüny-ôflevering fan ‘Friends’

febrewaris 22, 2020 09:39

It ‘Friends’-hûs yn Manhattan (foto: Wikipedia/Beleg Langbogen – CC BY-SA 3.0)

Friends-fans freegje derom al sûnt de lêste ôflevering yn 2004 útstjoerd waard en no komt it der echt fan. Haadrolspilers Phoebe, Rachel, Monica, Joey, Chandler en Ross sille wer yn in ôflevering fan de populêre sjo te sjen wêze.

Akteurs Lisa Kudrow, Jennifer Aniston, Courteney Cox, Matt LeBlanc, Matthew Perry en David Schwimmer dogge yn maaie mei oan in spesjale reünysjo op de nije streamingtsjinst fan de Amerikaanske stjoerder HBO. Alle 236 âlde ôfleveringen fan de komyske searje binne fan dat momint ôf dêr ek te sjen.

Oer de ynhâld fan it programma is neat bekendmakke. Friends, dat tusken 1994 en 2004 rûn, is ien fan de populêrste telefyzjeprogramma’s fan alle tiden.

febrewaris 22, 2020 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.