Reade panda’s yn twa soarten

febrewaris 28, 2020 08:56 Fernijd

Der blike twa soarten fan reade panda’s te bestean. De fariant dy’t yn Sina foarkomt ferskilt sa fan de eksimplaren yn de Himalayaregio dat der sprake is fan in oare soart. Dat ûntdutsen wittenskippers troch it útfieren fan dna-ûndersyk op 64 bisten.

Reade panda (foto: Wikipedia/Bernard Landgraf – CC BY-SA 3.0)

Biologen wisten al dat der twa ûndersoarten wiene, mar genetysk materiaal bewiist no dat it om twa aparte bistesoarten giet. De Sineeske bisten hawwe minder wyt yn it gesicht, in oare harsenpanne en mear prononsearre sturtringen as dy yn fan de Himalya.

De reade panda is bedrige en de ûntdekking kin bydrage oan in better fokprogramma. Troch de soarten net mear mei-inoar te krusen, sille genetyske oanpassings oan de spesifike omjouwing minder ferlern gean.

Der libje noch likernôch tsientûzen eksimplaren yn it wyld. No’t it om twa soarten blykt te gean, binne dy noch mear bedrige as foarhinne tocht waard. De Sineeske fariant komt faker foar as dy út de Himalaya. De reade panda is in unike bistesoart, dy’t gjin nauwe besibbens mei oare sûchbisten hat. Nettsjinsteande de namme binne se ek gjin famylje fan de swart-wite bear.

febrewaris 28, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.