Primeur: earste edysje fan ‘Hollânske masters on tour’ yn Ljouwert

febrewaris 17, 2020 08:59

Sneon 7 maart 2020 is de earste edysje fan it festival Hollandse Meesters on tour yn it Frysk Museum en Slieker Film. Mei it festival geane de nijste keunstnersportretten út de filmsearje Hollandse Meesters in de 21ste eeuw feestlik yn premjêre. Fan 14.00 oant 19.00 oere binne der oeral yn it museum optredens fan foaroansteande keunstners en muzikanten dy’t earder te sjen wiene yn de koarte films. Der binne ek petearen mei regisseurs en keunstners. Fan it swingende, eksperimintele Folkert de Jong and Upfront Soundlab oant harpist Remy van Kesteren en operasjongeres Lies Vandewege.

Foto: Frysk Museum

Mei it festival yn it Frysk Museum en Slieker Film geane de trije nijste Hollandse Meesterfilms yn premjêre: in portret fan keunstner Mounira El Sohl, makke troch regisseur Hesdy Lonswijk, Femmy Otten troch Xande de Boer en Lily van der Stokker troch Aiman Hassani. Foarôfgeand oan alle films is der in ynterview mei de keunstners en regisseurs. De films binne fergees by te wenjen op fertoan fan in yntreekaartsje foar it museum. Reservearjen is net mooglik. De films wurde middeis faker sjen litten. De searje Hollandse Meesters (AVROTROS) bestiet ûnderwilens út mear as 160 films. Om dat sukses te fieren sille produsinten Rene Mendel en Michiel van Nieuwkerk it oare jier mei films, optredens, muzyk en keunstners troch Nederlân reizgje.

Foto: Frysk Museum/Ruben van Vliet

Oflevering mist
Yn de oare twa filmsealen fan Slieker Film wurde 40 portretten dy’t yn de ôfrûne njoggen jier filme waarden fan 14.00 oant 19.00 oere oan ien stik troch draaid. Alle portretten duorje 15 minuten en se wurde yn blokjes fan twa ôfleveringen sjen litten, mei dêrnei in pauze fan fiif minuten. Reservearjen is net mooglik. Besikers kinne safolle portretten besjen as se wolle en nei eigen goedfinen de filmsealen yn- en útrinne. By sommige ôfleveringen is der in ynlieding troch regisseur Michiel van Nieuwkerk mei de keunstner en/of de regisseur.

Muzyk en optredens
Neist it bingewatchen en de premjêres fan Hollandse Meesters binne der op ferskate plakken yn it museum optredens en live muzyk fan keunstners dy’t earder meiwurke hawwe oan de filmsearje. Dêrby is te tinken oan û.o. Folkert de Jong and Upfront Soundlab, cellist Ernst Reijsiger, basklarinetist fan û.o. it Asko/Schönbergensemble, David Kweksilber, sjonger Odillo Girod, altfioeliste Ester Apituley, sopraan Lisa vanderWege en harpist Remy van Kesteren. Der binne ferspraat oer de dei ek optredens te sjen fan Jeroen Henneman, Berend Strik, Heringa/van Kalsbeek, Phillip Akkerman, Pauline Oltiten, Nathalie Bruys en Maria Barnas. In blokskema mei tiden wurdt meikoarten publisearre op de webside fan it museum.

Mounira al Sohl (foto: Frysk Museum)

Hollânske masters
Hollandse Meesters in de 21e eeuw is in gearwurkingsprojekt fan regionale omroppen en byldzjende keunstynstellingen. Sûnt de earste rige fan tweintich films yn 2011 is de searje útgroeid ta in mânsk projekt dêr’t in generaasje wichtige keunstners yn fêstlein wurdt. De rige wurdt produsearre troch Interakt Productions en mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, Prins Bernard Cultuurfonds en Dioraphte. De koarte filmportretten fan hjoeddeiske byldzjend keunstners yn harren atelier of op harren wurkplak binne makke troch renommearre filmmakkers en jouwe ynsjoch yn de wurkwize, ideeëwrâld en persoan fan de keunstner. Yn de rige binne ûnder mear portretten te sjen fan Jennifer Tee, Marijke van Warmerdam, Maria Barnas, Renzo Martens, Michael Raedecker. Regisseurs wiene ûnder oaren John Appel, Frans Weisz, Aliona van der Horst, Pieter Verhoeff, Heddy Honigmann. Produsinten en einredakteuren binne Rene Mendel en Michiel van Nieuwkerk.

febrewaris 17, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.