Presintaasje ‘Bûtendyk’, ‘Anti’ en ‘Evò ce Esù’ op Memmetaaldei

febrewaris 4, 2020 16:55

Op freed 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film mei-inoar de priiswinnende Fryske film Bûtendyk.

Byld út ‘Bûtendyk’ (boarne: EBLT)

Dizze film fertelt it bysûndere ferhaal fan Tsjerk Visser út Wierum, de 91-jierrige heit fan makkers Geertrui en Sjoukje Visser, dy’t noch eltse wike op it fiskersskip fan syn soan de see op giet. De film hat de priis foar bêste amateurfilm wûn fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival. Njonken Bûtendyk presintearje EBLT, Mercator en Slieker Film ek noch twa oare koarte films.

Affysje fan ‘Anti’ (boarne: EBLT)

De koarte Baskyske spylfilm Anti fan regisseur Josu Martinez spilet in pear jier nei de Earste Wrâldoarloch (yn 1921) yn Frânsk-Baskelân. It giet oer de skoalbern yn it plakje Bizkarsoro, dy’t, at se Baskysk prate, in balkje mei de tekst “Anti” om de nekke krije. Wa’t oan de ein fan de dei it balkje om de nekke hat krijt straf. Ek oare regionale talen, lykas it Oksitaansk en Welsk, binne bekend mei dy praktyk. In oangripende film, foar dizze gelegenheid Frysk ûndertitele, dy’t goed past yn it ramt fan dizze Memmetaaldei. Hy hat awards wûn op it Independent Film Festival Claypol (Argentinië) en ek op it Babel Film Festival op Sardinië.

De tredde koarte film is de dokumintêre Evó ce Esú. It is it ferhaal fan de Griko-minderheid yn Puglia, yn de hakke fan Italië, troch harsels ferteld. De Griko stamme ôf fan de âld-Grykse kolonisten. It is harren troch de iuwen hinne slagge om in soad fan harren identiteit, tradysjes, kultuer en taal te bewarjen, mar de taal soarge ek foar ôfstân ta de Italiaansktalige buordoarpen. Tsjintwurdich wurde de Grykse wurden sjoen as lûden om te bewarjen en mei grutskens oer te dragen. Dizze dokumintêre dûkt yn it libben fan de Griko, tusken leafde, emigraasje, nostalgy, famylje en muzyk en jout ynsjoch yn de wiffe balâns tusken de hoop om it Griko te behâlden en de berêsting yn it ferdwinen fan dizze âlde taal en kultuer.

Elk jier op ynternasjonale memmetaaldei organisearje EBLT en Slieker Film tegearre in bysûndere filmfoarstelling. EBLT en Slieker Film dogge dat yn oparbeidzjen mei Mercator, it Europeesk kennissintrum foar meartaligens en taallearen fan de Fryske Akademy. De ôfrûne jierren waarden de folgjende produksjes nei Ljouwert helle: Son Bojos, aquests Catalans (Kataloanië, 2014), Syrcas (Wales, 2015), Amama (Baskelân, 2016), Sumé (Grienlân, 2017), Cigán! (Slowakije, 2018) en Daor Klept de Klokke Weer (Stellingwerf, 2019). It EBLT besiket, foarsafier’t tiid en middels it talitte, om films oan te bieden mei ûndertitels yn it Frysk. Dat is dit jier ek wer slagge: de koarte film Anti wurdt spesjaal foar dizze fertoaning foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk. De Italiaanske dokumintêre wurdt fertoand mei Ingelske ûndertitels. De film Bûtendyk is yn it Frysk en wurdt fertoand sûnder ûndertitels.

In kaartsje foar alle trije films kostet €5,-. Dizze unike fertoaning is allinnich op ynternasjonale memmetaaldei: Op freed 21 febrewaris om 16.00 oere

febrewaris 4, 2020 16:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.