Pjutte-opfang It Krielhûske Terwispel behellet sertifikaat twatalich wurkjen

febrewaris 20, 2020 08:45 Fernijd

Op woansdei 12 febrewaris wie it feest by pjutte-opfang It Krielhûske yn Terwispel. De lokaasje fan Kinderopvang Esther wurket sûnt de maitiid fan 2018 mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. It hat it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat mei-inoar fierd.

Foto: Esther Russchen/SFBO

Yn it earste part fan de moarn waard it gewoane pjutteprogram folge. Om 11.00 oere kaam Riemkje Pitstra, mei de ferteljas oan. Sy hat in ferhaal ferteld oer Tomke dy’t nei It Krielhûske giet. Dêrnei hawwe de pedagogysk meiwurksters it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ oerlange krige fan Libbe de Vries, wethâlder fan de gemeente Opsterlân. De wethâlder fynt it bysûnder om oanwêzich te wêzen op dizze lokaasje, om’t de pjutte-opfang fêstige is yn de skoalle dêr’t er sechtjin jier learkrêft west hat.

It Krielhûske en twatalichheid
It krielhûske falt ûnder Kinderopvang Esther. Kinderopvang Esther is in lytsskalige organisaasje, mei fjouwer pjutte-opfanglokaasjes, in bernedeiferbliuw en in bûtenskoalske opfang. It Krielhûske is de twadde lokaasje fan de organisaasje dy’t it sertifikaat foar it twatalich wurkjen behelle hat. De oare pjuttelokaasjes binne ek dwaande.

It twatalich belied sjocht der by It Krielhûske as folget út: pedagogysk meiwurksters Grytsje Nijhof en Bernadet de Vries biede beide konsekwint it Frysk oan. De frijwillichstes hâlde har memmetaal konsekwint fêst. It Nederlânsk kriget in plak yn ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas troch it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Foto: Esther Russchen/SFBO

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by It Krielhûske west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘De romte is útnûgjend ynrjochte en hoe ’t de pm’ers it tema ‘apels’ hannen en fuotten jûn ha fyn ik ferrassend. Net allinne yn mienskiplike aktiviteiten, mar ek ûnder it frij boartsjen.’ En yn har einkonklúzje: ‘Ik ha in hiele moaie moarn hân. Der wiene twa pm’ers oan it wurk dy ’t goed opinoar ynspile binne en dy’t har konsekwint hâlde oan de taalôfspraken. Se binne hiel posityf oer it meartalich wurkjen. De bern ha dêr in daalders plakje. Se wurde mei kreative aktiviteiten en útnûgjende materialen stimulearre. De pm’ers witte goed wat se dogge en kinne dat ek prima ferwurdzje. Myn kompliminten.’

By it sertifisearringstrajekt kriget It Krielhûske begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

febrewaris 20, 2020 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.