Oprop ta tige koarte ferhalen foar lange koartproazajûn

febrewaris 13, 2020 08:54

Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe.

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de Lange koartproazajûn op 27 novimber 2020 yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer. De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren. Skriuwers fan de bêste ferhalen meie dy de jûns foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre.
De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).

It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 juny 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer. De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. Jo krije útslach nei 1 augustus, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Tresoar organisearret in kursus Koartproaza as jo op wei holpen wurde wolle foar it skriuwen fan in koart ferhaal. Yn trije jûnen wurde jo ûnder betûfte lieding fan skriuwer Koos Tiemersma ûnderwiisd en begelaat. Sjoch foar mear ynformaasje op tresoar.nl of sirkwy.nl.

www.ensafh.nl
www.dichterfanfryslan.nl
www.tresoar.nl

febrewaris 13, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.