Op stap mei pake en beppe

febrewaris 26, 2020 19:20

Ynstjoerd

foto © Matthijs Verkuijl

Ofrûne snein hawwe ús bernsbern mei ús nei it Natuermuseum yn Ljouwert west. Los fan de fêste eksposyses op earste en de twadde ferdjipping is dêr in tydlike útstalling mei de namme GIF.

Oant it begjin fan takomme jier kinst bysûndere bisten sjen dy’t fergiftich binne. Libbene dieren lykas slangen, spinnen, skorpioenen mar ek kikkerts en soksawat. Gif spilet in wichtige rol yn de natuer. Net allinnich by dieren mar ek by planten. Oan de iene kant as ferdigeningsmiddel, mar ek om proaien te ferlamjen, respektyflik te deadzjen.

Yn dat part fan it museum kinst benammen libbene bisten sjen. Wol feilich efter glês, datst der net bang fan hoechst te wêzen. Foar de bern is it ek machtich moai fansels. Der binne alderhande mooglikheden om te boartsjen, mar fia film en fragen of fia in soarte fan speurtocht it gebou troch is ek ynformaasje te krijen. De útstalling is net allinnich yn it gebou sels, mar ek op it binnenterrein yn grutte tinten. Op beskate mominten wurde der fideopresintaasjes en lêzingen holden.

It is nammers foar de leafhawwers in prachtich gebou mei in âlde poarte by de yngong. Fan 1675 ôf oant 1953 wie it in weeshús en wennen der somtiden wol trijehûndert bern yn. De yntree en foargevel wize dêr noch op, mei as bysûnderheid de keamer fan de fâden, dy’t noch goed bewarre is en autentyk ynrjochte is.

Yn de oare romten binne de permaninte ekposysjes mei bygelyks it skelet fan in potfisk fan wol tolve meter, flinters, aaien en in atelier mei opsette bisten en bewurke hûden. Op aventoer yn it reiskabinet fan kaptein Severein is tige spannend. Modern is de guozzeflecht mei in beamer. Op de boppeste ferdjipping is de Darwinkeamer mei útlis fan de evolúsje. Fierder in mearke oer de draak LI-Ming.

Koartsein in museum foar it hiele gesin, tige nijsjirrich en foar bern ek machtich moai. Echt in oanrieder.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 26, 2020 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.