Online kwalifikaasje Grut Frysk Diktee los

febrewaris 18, 2020 08:47

De kwalifikaasje foar it Grut Frysk Diktee 2020 is los. Minsken dy’t meidwaan wolle moatte harren kwalifisearje. Dat kin fan no ôf oant 16 maart online fia de webside www.fryskdiktee.nl.

Foto: Hindrik Sijens/Fryske Akademy

Op dy side stiet in kwalifikaasjediktee. Kandidaten dy’t dat diktee goed meitsje, kinne in plakje yn de grutte finale bemachtigje. Njonken de kandidaten dy’t harren fia it kwalifikaasjediktee kwalifisearje, dogge de fiif bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk ek mei oan it diktee. It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 21 april hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Tema Frijheid
It diktee hat dit jier as tema Frijheid en wurdt skreaun troch skriuwer en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.

Thús meidwaan
It diktee kin thús live meiskreaun wurde fia de webside www.fryskdiktee.nl. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe’t se it der sels fan ôf brocht hawwe.

Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.

Lyts Frysk Diktee
Op 21 april wurdt middeis it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Skriuwster Janny van der Molen skriuwt it Lyts Frysk Diktee. De skoalbern kinne harren kwalifisearje foar it diktee fia harren eigen skoalle.

Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân.

Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee foar it lêste nijs en skriuwtips.

febrewaris 18, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.