Nyk de Vries skriuwt Grut Frysk Diktee 2020

febrewaris 12, 2020 10:14

Nyk de Vries (foto: Reyer Boxem)

Nei it geweldige sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.

Twa jier lang is hy de poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Earder skreau er ûnder oare de gedichtebondels Motorman en De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Yn 2015 kaam syn tredde roman Renger út.

febrewaris 12, 2020 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.