No te sjen yn Museum Belvédère

febrewaris 18, 2020 08:49 Fernijd

Wurk fan Martin Jarrie (foto: Museum Belvédère)

De hjoeddeiske haadútstalling yn Museum Belvédère is de earste museale presintaasje yn Nederlân fan de Frânske keunstner Martin Jarrie (1953). Syn wurk beweecht him op it grinsflak fan skilder- en yllustraasjekeunst.

De rom opsette eksposysje Manger avec les yeux (‘mei de eagen ite’) krige resint in loovjende resinsje yn NRC Handelsblad. De measte útstalde wurken waarden makke as yllustraasjes foar (berne)boeken en tydskriften, mar ek Jarrie’s frije wurk is rom fertsjintwurdige.

Noch te sjen o/m 5 april.

Jeroen Allart
Ynterieurs en lânskippen fan Jeroen Allart (1970) út Rotterdam. Syn wurk hat in ferfriskjende lichtfuottigens en wurdt skaaimerke troch helderheid en ienfâld. It gehiel is goudskjin skildere.

Noch te sjen o/m 23 febrewaris.

Wurk fan Marianne Schipaanboord (byld: Museum Belvédère)

Marianne Schipaanboord
It libben fan Marianne Schipaanboord (1965) ferrint yn stilte. Hja is spastysk, kin net hearre en ek net prate. Har artistike talint biedt de mooglikheid om mei de bûtenwrâld te kommunisearjen, yn oangripende tekeningen. Op direkte wize lit se sjen wat har dwaande hâldt.

Noch te sjen o/m 23 febrewaris.

Joost Swarte
De mearsidige Joost Swarte (1947) fiert syn fyftichjierrich jubileum as yllustrator, ûntwerper en arsjitekt. Yn twa kabinetten binne tsientallen affysjes te sjen dy’t Swarte yn ’e rin fan de jierren ûntwurpen hat, mar ek findels út de rige Negen Kunsten te Wapen en swart-wyttekeningen.

Noch te sjen o/m 1 maart.

Wurk fan Richard van den Dool (foto: Museum Belvédère)

Richard van den Dool
Presintaasje fan skilderijen troch Richard van den Dool (1949). Aldere wurken dy’t har kwalifisearje litte as koele lânskippen, wurde ôfwiksele mei resint wurk dat lyrysk en kleurryk is. Hy wennet en wurket yn Dordrecht.

Noch te sjen o/m 1 maart.

André de Jong
De ritmyske linen, ferbinings en struktueren yn de tekeningen, papierwurken en ynstallaasjes fan de Fryske keunster André de Jong (1945) ferwize nei wat him yn ’e natuer ôfspilet oan ûntstean, skeppen en fergean. It wandobjekt fan stof en tou hat in tydlik karakter.

Noch te sjen o/m 1 maart.

febrewaris 18, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.