Nije Keamerfragen fan Ried, Politike Kommisje en Fêste Keamerkommisje

febrewaris 11, 2020 16:19

Skôging

De Ried fan de Fryske Beweging docht alle war om mear foar it Frysk te berikken as yn de BFTK 2019-2023 (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer) fan Provinsje en Ryk stiet. Dêrom hat de Ried de Skaad-BFTK skreaun. Dy Skaad-BFTK waard op 27 juny 2018 oan deputearre Poepjes oanbean. De Ried hope dat Provinsje en Ryk noch rekken hâlde soene mei de yn de Skaad-BFTK formulearre winsken. Dat barde net. Dat wie wol dúdlik doe’t de BFTK 2019-2023 op 30 novimber fan datselde jiers yn Obe ûndertekene waard troch de kommissaris fan de kening, Arno Brok en de minister fan Ynlânske Saken, Kajsa Ollongren.

De Ried dy’t de Skaad-BFTK oan de deputearre oanbean hie, besleat doe de Skaad-BFTK ek oan de Twadde Keamerkommisje fan Ynlânske Saken oan te bieden om sa mei de minister yn petear te reitsjen. Dat slagge. It dokumint waard op 18 desimber 2018 yn De Haach oanbean oan in tal Keamerleden fan de Fêste Keamerkommisje. Ynformeel oerlis tusken dy leden en leden fan de Ried/POK (Politike Kommisje) makke dat it ûnderwerp op de wurklist fan de Fêste Keamerkommisje set waard om it mei de minister te bepraten. Dat oerlis wie op 26 juny 2019. Foarôfgeand oan dat oerlis hold BAST/SisTsiis in fleurige demonstraasje en bea in petysje mei in plysjejaske oan. Yn dat oerlis mei de minister stelden de leden fan de Fêste Keamerkommisje fragen. Antwurden kamen der net folle. Dat hie te krijen mei it feit dat ek oare ministers der wat fan fine moasten. De minister sei ta dat se alle antwurden sammelje soe en dy yn in Keamerbrief oan de kommisjeleden stjoere soe. Dy brief kaam op 16 desimber 2019.

Aldergelokst hat de Ried in POK (Politike Kommisje)
dêr’t guon Keamerleden yn sitte en oaren
dy’t wer kontakten ha mei Keamerleden

Yn dy brief stiet wat dien wurdt as it giet om de útfiering fan de BFTK, want dat is en bliuwt de rjochtline. Mear sit der blykber net yn. Oer sichtberens wurde positive opmerkingen makke, mar plysjejaskes moat de minister neat fan ha. Op dy Keamerbrief koe reagearre wurde. De POK dêr’t guon Keamerleden yn sitte en oaren dy’t wer kontakten mei Keamerleden ha, hat yn goed oerlis mei de Keamerleden fan de Fêste Keamerkommisje wurke oan in brief mei fragen. De brief moast der foar 23 jannewaris wêze. De Ried, de POK en de leden fan de Fêste Keamerkommisje wolle yn dy brief ta op konkrete tasizzingen. It is de fraach oft dat slagget. Wat net yn de BFTK 2019-2023 stiet, kriget oant no ta gjin omtinken. De iennige hurde tasizzing is dat dy BFTK meikoarten evaluearre wurdt.

De fragen dy’t no oan ‘e oarder binne, kinne koart gearfette wurde. Der wurdt frege nei sichtberens fan it Frysk op gebouwen en op oare plakken. De Keamerleden wolle ek graach witte werom’t Fryske plysjejaskes net kinne. Yn de brief wurde fragen steld oer it minder ferlienen fan ûntheffingen en om, wat it Frysk oanbelanget, wat better troch te pakken, wylst guon oaren wol wat mear witte wolle oer de rol fan de ynspeksje. Last but not least wurde fragen steld oer de situaasje fan it Frysk yn de rjochtspraak. Dúdlik is ek dat guon Keamerleden net gerêst binne op it Frysk by de weryndielingen.

De Ried en de POK binne yn harren bydrage benammen net te sprekken oer de fersnippering fan it Frysk taalbelied oer de ferskillende ministearjes. Der moat in dúdliker oanstjoering komme. Ried en POK stelle ek dat se graach konkrete resultaten hearre. In tredde punt: It Frysk moat mear omtinken krije by gemeentlike weryndielingen, skaalfergrutting fan rjochtbank en plysje. Dat jaske en oare sichtberens moatte der komme kinne! Ried en POK wolle fansels behelle wurde yn de tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK yn 2021 as de Fêste Keamerkommisje diskant op komt.

Ried, POK en Fêste Keamerkommisje fertsjinje foar har krewearjen, foar har oanhâlden as storein, konkrete resultaten. Wat soe it moai wêze as de minister dat ek fynt!

Aant Mulder

febrewaris 11, 2020 16:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.