Nij soart dinosaurus ûntdutsen yn Kanada

febrewaris 12, 2020 10:38

Yn Kanada is in nij soart dinosaurus ûntdutsen. De Kanadeeske boer John de Groot fûn it âldste dinofossyl fan de Thanatotheristes Degrootorum, in fiere besibbe fan de tyrannosaures rex.

Tyrannosaurus (foto: Wikipedia/Steve Richmond – CC BY 2.0)

De Groot en syn frou fûnen de fossilen hast tsien jier lyn oan ’e oere fan in rivier yn Alberta. Dêrom is de dino ferneamd nei John en Sandra de Groot. Degrootorum is it mearfâld fan De Groot. Hoewol’t syn namme oars tinken docht, is de Thanatotheristes Degrootorum eins hielendal net sa grut. Hy soe in meter as sân lang west ha. De nije soart is dêrmei lytser as de T. rex, dy’t likernôch fjirtjin miljoen jier letter libbe, 66 miljoen jier lyn. Dat wie in bist fan tolve meter. Troch de jierren hinne waarden de bisten hieltyd grutter en de foarpoatsjes waarden just hieltyd lytser.

De fossilen wiene in stikmannich stikjes fan de harsenpanne. Mar dy wiene al sa bysûnder, dat der in hiele wittenskiplike stúdzje oan wijd is. Neffens de wittenskippers is de ûntdekking wichtich, omdat dy mear ynsjoch jout yn hoe’t de tyrannosaurussen evoluearren.

febrewaris 12, 2020 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.