‘Nieuw zeer’ – komyske telefyzjesearje oer de hjitte hangizers fan no

febrewaris 17, 2020 09:17

It nije NTR-programma Nieuw Zeer fan Niek Barendsen is in skerpe, aktuele searje sketskes oer hjoeddeisk ûnbegryp en ûnfermogen: fan sabeare nijs oant soarch, fan klimaat oant #metoo, fan yntegraasje oant Pyt. De komyske searje giet oer de hjitte hangizers fan no dêr’t in protte oer praat en raasd wurdt, mar te min om lake wurdt.

Foto: NTR

Mei Ilse Warringa, Tjitske Reidinga, Pierre Bokma, Ellen Pieters, Frank Lammers, Elise Schaap, Anniek Pheifer, Nazmiye Oral, Roos van Erkel, Michiel Nooter, Oussama Ahammoud, Hein van der Heijden, Rick-Paul van Mulligen, Daniel Kolf, Bracha van Doesburgh, Beppie Melissen, Daniel Cornelissen, Sarah Bannier, Hans Leendertse,  Joost Prinsen, Wieteke van Dort, Stefan Stasse, Ali Cifteci, Loek Peters, Jacqueline Blom, Niek Barendsen en in protte oaren.

Idee, skript en rezjy: Niek Barendsen, ûnder oare bekend fan de Welkom in…-searjes en in protte dramasênes fan Het Klokhuis dy’t er makke foar de NTR.

Foto: NTR

Oflevering 1
Yn ôflevering 1 sjocht men Frank Lammers as libbensgefaarlike TBS’er, Elise Schaap as floggende BN’er Hymke, Ellen Pieters as folmûnige pasjint, Pierre Bokma as in ferstoarne op syn eigen kremaasje, Nazmiye Oral as assertive skjinmakster en Ilse Warringa as ferbiten wrâldferbetterer.

Utstjoering: fan 1 maart ôf sneins op NPO 3. Oflevering 1 en 6 om 21.50 oere, ôflevering 2 o/m 5 om 22.00 oere.

febrewaris 17, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.