Nederlânsk telefyzjeformat ferkocht oan Netflix USA

febrewaris 5, 2020 08:57 Fernijd

It format fan de telefyzjesearje Het Instituut, betocht troch kabaretiers Joep van Deudekom en Rob Urgert, is ferkocht oan Netflix en sil fan ’t maitiid útkomme ûnder de namme 100 Humans.

Foto: Wim Kluvers/NTR

Het Instituut is in populêr-wittenskiplik programma dêr’t hûndert minsken in wike lang yn meidiene oan ferskate grappige sosjaal-psychologyske eksperiminten. It programma waard mei de betinkers produsearre troch BlazHoffski, útstjoerd as ko-produksje fan de NTR en BNNVARA, en belibbe yn Nederlân twa seizoenen.

It is de earste kear dat in searje op basis fan in Nederlânsk format yn de Feriene Steaten produsearre wurdt en troch Netflix wrâldwiid útstjoerd wurdt. Joep van Deudekom en Rob Urgert binne op it stuit sneins te sjen yn it ferfolch fan Het Instituut, de searje Wie denk je wel dat je bent? (NTR). Dêryn wurde twa groepen minsken dy’t yn de maatskippij foarinoar oer stean, troch middel fan eksperiminten op in humoristyske wize mei-inoar ferlike.

febrewaris 5, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.