Muzyk by de buorlju

febrewaris 3, 2020 07:03

Op snein 2 febrewaris wiene op ferskate plakken yn Snits lytsskalige muzykfoarstellingen. Op sa’n tweintich lokaasjes, almeast by minsken thús. Eins in soarte fan húskeamerfestival. It wie de twadde kear yn Snits. Dizze moanne komt soks ta stân yn hiel Nederlân. Bygelyks takommend wykein yn Utert en Amersfoart. Yn totaal sân stêden mei 630 húskeamers dogge lanlik mei.

It is absolút net kommersjeel. Folslein belangeleas wurdt in oantal kearen op de middei muzyk spile. Alderhande muzyk fan Country, Cover-tributebands, Blues, Fryske muzyk en Russyske lietjes, ensfh. Wy hawwe nei Ksenia Marasanova west, in flechtlinge út Ruslân en fia Israel al fjirtjin jier hjir yn Fryslân mei har man en bern. Mankelike muzyk oer oarloch, leafde en dea. Prachtich wie it, en nei in healoerke wie it ôfrûn.

De kombinaasje fan yntym lyts poadium, talinten en gastfrije minsken dy’t harren húskeamer beskikber stelden wie hertferwaarmjend. Mei fergees kofje of tee. Benammen yn de tiid fan grutte djoere konserten is dit bysûnder.

De jûns wie der noch in einfeest yn it sintrum.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 3, 2020 07:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.