Mondiale toppers 14 o/m 19 maart op Festival Jong Talent Skiermûntseach

febrewaris 24, 2020 08:23

Klassike talinten út binnen- en bûtenlân, dy’t furoare meitsje op ynternasjonale poadia en konkoersen, binne fan 14 o/m 19 maart te sjen en te hearren op Festival Jong Talent Skiermûntseach. It festival biedt net allinnich konserten, mar ek masterlessen, dokumintêres, lêzingen, natuerekskurzjes en stjerrekuiertochten.

Festival Jong Talent (foto: The Publicity Company)

Moetsje de nije generaasje
Skiermûntseach feroaret foar seis dagen yn in briedplak. Ut de hiele wrâld wei reizgje sa’n santich jonge profesjonals nei it Waadeilân. Under harren ensembles as it Amatis Piano Trio, it Barbican Quartet, it Chianti Ensemble en in ensemble fan de Akademy fan it Keninklik Konsertgebou-orkest.

Lokale ynspiraasje
JongNBE (Jong Nederlânsk Blazers Ensemble) lit spesjaal foar it festival in nij stik skriuwe troch komponist Tom Schipper (1994), dat sneon 14 maart yn premjêre giet. Mei syn komposysje wiist Schipper op de gefolgen fan klimaatferoaring op it Waad. Yn To Drown the Sea ferklanket er sawol de skjintme en it ferskaat fan it gebiet as de hieltyd grutter wurdende driging.

De jonge Fryske komponist Jochem le Cointre (1996) skreau foar it Colori Ensemble twa stikken, ynspirearre op gedichten fan de yn 2013 ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga. Syn deklamaasjes binne opnaam, digitaal bewarre en te beharkjen op harkboeken. Jochem hat ‘Frjemde Kusten’ en ‘Oankomst’, troch Hettinga deklamearre, muzikaal omliste.

Artistike ûntwikkeling
Fjirtich ynternasjonale toptalinten binne selektearre foar de masterlessen fan de muzykpedagogen Nobuko Imai (altfioele), Jan Wijn (piano), Philippe Graffin (fioele) en Jeroen Reuling (sello). Sellist Gary Hoffman jout masterlessen keamermuzyk foar ensembles. In grut part fan de masterlessen is iepenbier foar publyk.

Dokumintêres, lêzingen, natuer
Festival Jong Talent biedt mear as konserten en masterlessen. Sa binne der lêzingen oer muzyk en wurde der muzykdokumintêres fertoand yn it Doarpshûs, wêrûnder ‘Itzhak’ fan regisseur Alison Chernick, oer de bysûndere libbensrin fan fioelist Itzhak Perlman. Yn gearwurking mei Natuermonuminten organisearret it festival natuerekskurzjes oer it eilân.

Festival Jong Talent is it jongere bruorke fan it Internationaal Kamermuziekfestival Skiermûntseach dat alle jierren begin oktober holden wurdt.

Filmke Festival Jong Talent en mear ynformaasje.

febrewaris 24, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.