Matthijs van Nieuwkerk hâldt op mei ‘De Wereld Draait Door’

febrewaris 12, 2020 10:24

Matthijs van Nieuwkerk (foto: Wikipedia/DWDD – CC BY 3.0)

Matthijs van Nieuwkerk (59) hâldt op as presintator fan De Wereld Draait Door. Hy makket noch wol it seizoen ôf, de lêste ôflevering is op 27 maart. DWDD komt takom seizoen net mear werom op ’e telefyzje, berjochtsje ferskate media. De NPO kin dat net fuortdaliks befêstigje.

Van Nieuwkerk bliuwt wol by de NPO aktyf. Hy sil neffens it AD fan takom jier ôf in nij programma op sneontejûns meitsje. De Wereld Draait Door begûn yn 2005 en waard ien fan de meast besjoene programma’s op de Nederlânske telefyzje. It wurdt op trochdewykse dagen streektrjocht útstjoerd út Amsterdam wei.

Van Nieuwkerk wie der fan it begjin ôf oan by. DWDD hat feskate prizen wûn, ûnder oare de Sulveren Nipkowskiif yn 2011 en de Gouden Televizier-Ring yn 2007.

febrewaris 12, 2020 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.