LTO Noard mei leden yn petear oer de takomst

febrewaris 27, 2020 09:23

LTO Noard sil de kommende moanne mei syn leden yn petear oer de takomst. De petearen binne ornearre om de leden by te praten oer de lêste politike ûntwikkelingen en om harren de gelegenheid te jaan om mei te praten oer it belied. De gearkomsten wurde holden yn alle njoggen provinsjes dêr’t LTO Noard aktyf is.

It boerelibben stiet de lêste moannen flink ûnder druk. Unwissigens oer it stikstofbelied, problemen yn it feangreidegebiet en it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels soargje foar in protte fragen. Op ynteraktive jûnen wurde leden bypraat en komme se sels ek oan it wurd. De earste jûn fan de provinsjetoer set útein op 11 maart yn Markelo. Op 1 april wurdt de toer ôfsletten yn Ljouwert. De jûnen begjinne om 19.30 oere.

Data en lokaasjes

  • 11 maart De Poppe, Holterweg 23, Markelo
  • 12 maart Sealesintrum ’t Haske, Vegelinswei 20, De Jouwer
  • 16 maart ’t Manneke,  Leeweg 33, Berkel & Rodenrijs 
  • 17 maart Hotel Hoogeveen, Marhijsenstraat 1, Hoogeveen
  • 18 maart Van Der Valk Groningen – Hoogkerk, Borchsingel 53, Eelderwolde
  • 23 maart UniePlaza Culemborg, Multatulilaan 12, Culemborg
  • 24 maart Leven van de Wind, Oosterterpweg 12, Wieringerwerf
  • 25 maart PG1 Amsterdam, Pieter Ghijsenlaan 1, Zaandam
  • 30 maart Vergader- en Congrescentrum De Schakel, Oranjelaan 10, Nijkerk
  • 31 maart Radstake, Twente-Route 8, Heelweg
  • 1 april WTC Ljouwert, Heliconwei 52, Ljouwert
febrewaris 27, 2020 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.