Ljouwert moat wer ekstreem gefaarlike boeven ûnderbringe

febrewaris 12, 2020 21:07

De Ljouwerter finzenis De Marwei kriget in ôfdieling foar ekstreem gefaarlike boeven. Dat skriuwt De Telegraaf. It giet om swiere kriminelen dy’t neffens ferwachting besykje sille om út te brekken. De kriminelen wurde folle swierder bewekke as oaren. Der wurde ynearsten tolve fan sokke boeven yn ‘e Fryske haadstêd ûnderbrocht. Mooglik komme der yn Nieuwegein en Krimpen aan den IJssel ek sokke ôfdielings foar superboeven.

Unomstriden is de ôfdieling net. Yn de jierren njoggentich hie Ljouwert ek sa’n ôfdieling, mar it personiel wie der net op taret en der folgen slimme ynsidinten en ek ûntsnappings. Neffens minister fan rjochtsbeskerming Sander Dekker binne de bewekkers wilens better oplaat foar it omgean mei de groep swiere kriminelen.

febrewaris 12, 2020 21:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.