Ljocht en skaad oer it sinnepark

febrewaris 4, 2020 08:59

It klimaat feroaret, fossile enerzjyboarnen reitsje útput. Yn 2030 – sa is ôfpraat yn it Klimaatakkoart – moat 70% fan alle elektrisiteit komme fan duorsume boarnen as wyn en sinne. Hoefolle lânskip en natuer wol Fryslân opjaan foar grutskalige sinneparken? Yn de Fryslân DOK Ljocht en skaad oer it sinnepark ûndersiket Dieuwke Kroese lytse en grutte inisjativen.

Foto: Omrop Fryslân

Sinnepanielen op it dak, doarpen mei eigen enerzjykorporaasjes, grutte ûntwikkelders dy’t in soad jild ynvestearje yn mega-sinneparken. Yn Fryslân binne der ambysjes op lytse en grutte skaal. Doarpsbewenners sette mei-inoar de skouders derûnder, enerzjykorporaasjes yn bygelyks Garyp en Wynjewâld libje folop. Mega-ûntwikkelings binne der ek: op in stik lânbougrûn by Easterwâlde fan 77 fuotbalfjilden grut, wurdt it grutste sinnepark fan Fryslân boud. De kearside is dat kostbere romte, natuer en lânskip opoffere wurde foar enerzjyfoarsjenning. Boppedat is it elektrisiteitsnet net berekkene op de tastream fan safolle ekstra enerzjy.

Fryslân DOK: Ljocht en skaad oer it sinnepark
Sneon 8 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
Snein 9 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 4, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.