Libbene fergiftige bisten yn Natuermuseum Fryslân by útstalling GIF

febrewaris 9, 2020 09:00 Fernijd

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert feroaret by de útstalling GIF yn in echte bistetún. Fan 15 febrewaris 2020 oant en mei 3 jannewaris 2021 binne der in hiele protte libbene bisten te sjen. Mar de tydlike bewenners fan it museum binne net foar teare sieltsjes: fan pofnjirre oant fûgelspin en reuzetûzenpoat, de iene is noch fergiftiger as de oare.

Ofbylding: Natuermuseum Fryslân

Fergif spilet in wichtige rol yn ’e natuer. It wurket as in beskermingsmiddel, mar soms ek om oare bisten te ferlamjen of te deadzjen. Faak is dêr mar in hiel lyts bytsje foar nedich. Ien byt fan de keningskobra is al deadlik foar in oaljefant. Fergif hat lykwols ek positive kanten en wurdt brûkt yn ferskate medisinen. Yn de útstalling ûntdekke besikers wêrom’t guon bisten en planten fergiftich binne. De bekende Naturalis-biolooch Freek Vonk fertelt yn filmkes mear oer de wurking fan fergif.

Besikers stean each yn each mei it bysûndere gilameunster, blauwe fûlekanen, de keningskobra en noch folle mear. De spinnen, slangen, tûzenpoaten, kikkerts en skorpioenen sitte feilich yn terraria. GIF biedt dêrnjonken in protte dochaktiviteiten foar bern. Dêr kinne se sels by ûnderfine hoe’t it is om mei fergif yn ‘e natuer om te gean. Meitsje bygelyks ris in miel mei poddestuollen: binne se iten en of hast in deadlik miel taret?

Foto: Naturalis

Yn ’e wykeinen en yn fakânsjes binne der live-demonstraasjes dy’t ynsjoch jouwe yn de wurking fan fergif. Hoe ferspaat fergif him bygelyks yn it lichem fan in proai? Besikers ûndersykje mei-inoar hoe’t it kin dat in slang grutte bisten lykas kikkerts, mûzen of sels apen en krokodillen yt sûnder te kôgjen. Net allinnich bisten binne fergiftich, mar ek in protte planten en fruchten: ûntdek yn de útstalling bygelyks de wurking fan in silypiper.

Geregeld binne der fuormominten. Besikers kinne meisjen hoe’t de fersoarger de fergiftige bisten fuorret. By GIF heart ek in wiidweidich fokprogramma. It kin samar barre dat besikers tsjûge binne fan de berte fan jonge slangen. Healwei de útstalling komme der boppedat nije bisten nei it Natuermuseum. It is dus de muoite wurdich om nochris werom te kommen.

Maitiidsfakânsje
Spesjaal foar de maitiidsfakânsje binne der ekstra aktiviteiten mei GIF. Sa fertelle studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein bygelyks nijsgjirrige ferhalen by ferskate bisten yn de útstalling. Natuermonuminten is der ek by mei ûnder oare in kwis oer fergiftige planten yn Nederlân.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Yn ’e wike dat it Noarden fakânsje hat, binne der troch de wike ferskate wurkateliers. De Waadferiening lit bern yn ’e kunde komme mei fergiftige bisten yn ’e Waadsee. It IVN jout in wurksjop oer fergif yn ’e natuer. Sjoerd Prins nimt syn húsbisten mei, reptilen dy’t net fergiftich binne lykas ferskate hússlangen en in reuzemiljoenpoat. Ferskate middeis komt byldzjend keunstner Gea Boschma lâns om mei bern yn in kreatyf wurkatelier in fergifich tentakel te meitsjen.

De maitiidsfakânsje rint fan 15 febrewaris oant en mei 1 maart 2020. Yn dy perioade is it Natuermuseum alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus moandeis ek. Fan 18 o/m 21 febrewaris jildt Help pake en beppe de vakantie door: op fertoan fan pake en/of beppe (of in oare folwoeksene) hawwe bern dy dagen fergees tagong. Maksimaal trije bern mei pake en/of beppe (of oare folwoeksene).

Foar GIF wurket it Natuermuseum gear mei Naturalis Biodiversity Center yn Leien en it Spaanske bedriuw Grupo Atrox dy’t de bisten en harren fersoarger beskikber stelt.

febrewaris 9, 2020 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.