Lêzing yn Wetsens oer it grutte Fryske mystearje

febrewaris 26, 2020 10:02

Snein 8 maart 2020 hâldt Joanneke Romkema in lêzing oer in mear as 2000 jier âld geheim dat oer it Fryske lânskip ferspraat leit. Basearre op it boek Het geheim der eersten fan Henriette Hemmink út 2014. De ûndertitel fan it boek is De terp van Naphtali en een ontdekking met wereldwijde implicaties.

Ofbylding: Promovocaal

Dy ‘fact-thriller’ is basearre op in wierbard ferhaal. It beskriuwt de ûntdekking fan de bewizen foar in archeologyske teory yn Fryslân. De feiten yn it boek binne wêr mooglik op wierheid kontrolearre en dêrmei wurdt it ferhaal yn it boek in skiednis, sa’t dy mooglik bard kinnen hat.

Kommunikaasjewittenskipper en dosint Joanneke Romkema hat in hobbymjittige belangstelling en foarleafde foar de Fryske ûntsteansskiednis. Hja is nei it lêzen fan it boek sels op ûndersyk útgien en kaam ta ferrassende ûntdekkingen, dy’t sy dy middeis graach mei de harkers diele wol. Oan ’e hân fan tekst, byld en útlis sil se antwurd jaan op in tal nijsgjirrige fragen.

Wat hawwe Stonehenge yn Ingelân, de piramides fan Gizeh yn Egypte en de Fryske terpen mei-inoar te krijen? Stie de widze fan ús hjoeddeiske ûntwikkeling yn it âlde Egypte, Grikelân en Rome, of dochs net? Wêrom stean der trije mytologyske symboalen op ’e tsjerke fan Hylpen en wat hat dat mei ús fiere Fryske foarfaars te krijen en hoe’t dy nei de stjerren seagen?

De harkers sille nei de lêzing de tsjerke faaks mei wat fertwiveling, fernuvering en mear fragen as antwurden ferlitte, mar nei alle gedachten ek mei Fryske grutskens en fernuvering.

Snein 8 maart kinne nijsgjirrige minsken terjochte yn de Sint Fitustsjerke yn Wetsens, 15.30 oere om har ferrasse te litten troch in yntrigearjende lêzing oer (harren?) Fryske foarfaars en in grut Frysk mystearje.

Tagong frij, kofje/tee 1 euro.

febrewaris 26, 2020 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.