Lêzing âld-Boalserter Ridsert Hoekstra oer arsjitekt Pierre Cuypers

febrewaris 23, 2020 09:05

Tongersdei 27 febrewaris de jûns om 20.00 is yn de Blauhúster Pastory in lêzing oer it rûzige libben fan arsjitekt Pierre Cuypers, troch âld-Boalserter drs. Ridsert Hoekstra.

Pierre Cuypers (boarne: Roomske Pastorij Blauhús)

Hoekstra is âld-direkteur fan it Stedsmuseum Cuypershuis Roermond en nimt syn harkers mei nei it rûzige libben fan de 19e-iuwske arsjitekt Pierre Cuypers. Hoe’t Cuypers telâne kaam yn Blauhús om dêr de Sint Fitustsjerke te bouwen. En hoe’t er him ynspirearje liet troch Joseph Alberdink Thijm, de ferneamde Amsterdamske roomske dichter en skriuwer. Hoe’t er beynfloede waard troch de ûntwikkelingen yn de boukeunst yn Ingelân. En hoe’t er deryn slagge om dy grutte nasjonale en ynternasjonale ynfloeden yn de tsjerken fan Fryslân stal te jaan.

Tongersdei 27 febrewaris, 20.00 oere
Roomske Pastorij, Fitusdyk 29 te Blauhús

febrewaris 23, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.