Lexicon Frisicum online beskikber

febrewaris 27, 2020 09:06

Woansdei waard op it provinsjehûs de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum (1872) presintearre. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok naam de oersetting symboalysk yn ûntfangst fan leksikograaf dr. Anne Dykstra. It Fryske wurdboek is no foar elkenien online beskikber fia dizze link.

Foto: Provinsje Fryslân

Foto: Provinsje Fryslân

It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) is de grûn fan it moderne Frysk. It wurdboek ferskynde yn 1872 yn it Latyn. Troch de Latynske taal is it bestean fan it wurdboek frijwol 150 jier ûnsichtber bleaun. Dr. Anne Dykstra: “Dat is spitich, want it Lexicon Frisicum is in nijsgjirrich fenomeen yn de ynternasjonale 19de-iuwske, sterk troch de Romantyk beynfloede, leksikografy. Halbertsma syn wurdboek jout yn dy tradysje in weareld oan taalkundige, histoaryske en kulturele ynformaasje oer it Frysk en Fryslân”.

Sûnt 2018 is der wurke oan it tagonklik meitsjen fan it Lexicon Frisicum. De provinsje joech in subsydzje fan € 10.000 foar dit projekt. Mei-inoar is mear as 60% fan it Lexicon Frisicum oerset yn it Frysk. In grut diel derfan is ek oerset yn it Ingelsk en it Nederlânsk.

Libbenswurk
Mei de oersettingen kinne taalkundigen, histoarisy en folkskundigen it libbenswurk fan Halbertsma bestudearje. Dr. Anne Dykstra: “Ek minsken dy’t gewoan aardichheid hawwe oan it Frysk en oan Fryslân, kinne no harren hert ophelje oan Halbertsma syn wurdferklearringen en oan alles dat Halbertsma dêr op ta jout”.

febrewaris 27, 2020 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.