Leden Advyskommisjes Keunst en Musea beneamd

febrewaris 13, 2020 08:59 Fernijd

Musea en keunstorganisaasjes kinne tusken 18 febrewaris en 1 april 2020 in plan by de Provisje Fryslân yntsjinje om yn oanmerking te kommen foar fjouwerjierrige provinsjale finansiering foar de perioade 2021-2024. Foar musea is 16.677.600 euro beskikber, foar keunst  13.400.000 euro. In ûnôfhinklike advyskommisje advisearret de provinsje wa’t yn oanmerking komt foar subsydzje.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Yn de Advyskommisje Musea sitte:

  • Minke Schat (foarsitter)
  • Stan Petrusa
  • Jan Folkerts

De Advyskommisje Keunst bestiet út:

  • Martijn Kramers (foarsitter),
  • Ankie Boomstra
  • Dirk de Bruin
  • Jos Schuring
  • Maaike van den Hoek
  • Annet Andriessen

Beide kommisjes hantearje de ramten foar Musea en Keunst lykas fêststeld by de behandeling fan de beliedsnota Nij Poadium. It reglemint fan de advyskommisje beskriuwt ûnder mear de wurkwize fan de kommisjes en de wize fan beneamen fan de leden. Der stiet ek yn dat de kommisje by de beoardieling en rangskikking rekken hâldt mei de omfang fan de organisaasje dy’t oanfreget. It mandaat foar de definitive beslútfoarming, op basis fan de útbrochte advizen, leit by Deputearre Steaten.

Oanfraach yntsjinje
De regeling Musea en Keunst is opsteld sadat organisaasjes harren oanfraach yntsjinje kinne op basis fan dúdlike ramten en betingsten. Fan 18 febrewaris ôf is mear ynformaasje te finen op fryslan.frl/subsidies. Fragen binne wolkom fia cultuur@fryslan.frl. Foar de simmer fan 2020 witte de oanfregers oft de oanfraach foar fjouwer jier honorearre is of net.

febrewaris 13, 2020 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.