Leafde foar liuwen – fan Aleppo oant Nijeberkeap

febrewaris 26, 2020 09:49

Uthongere en mei de dea yn de eagen wurde twa jonge tigers út in bombardearre ferdivedaasjepark yn Aleppo helle. Nei in lange reis kinne se bykomme by Felida yn Nijeberkeap. Twa ferstjitten liuwewelpen út in suterige bistetún yn Bulgarije krije dêr ek in thús. De Fryslân DOK Leafde foar liuwen – fan Aleppo oant Nijeberkeap jout in blik tusken de traaljes troch fan opfangsintrum Felida.

Foto: Omrop Fryslân

Yn 1992 waard it sintrum oprjochte troch Arno van der Valk. Underwilens is it oernommen troch de stichting Viervoeters en wol Felida in ‘special care’-sintrum wurde foar liuwen, tigers en oare kateftigen. De meiwurkers besykje de traumatisearre rôfbisten wer sa goed by sûpe en stút te bringen, dat se útset wurde kinne yn in reservaat yn Afrika. En as dat net slagget, bliuwe se by Felida.

Programmamakker Timo Brinkman folget foar Fryslân DOK fersoarger Juno van Zon dy’t, soms mei gefaar foar eigen libben, yn it bûtenlân bisten rêdt. Yntusken docht lokaasjemanager Simone Schuls alle war om yn Nijeberkeap in nije opfang te realisearjen mei bettere fasiliteiten. Wat driuwt harren yn ‘e leafde foar dizze – net altyd like leave – liuwen?

Leafde foar liuwen – fan Aleppo oant Nijeberkeap
29 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 13.10)
1 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 26, 2020 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.