Kursus Aldfryske teksten lêze
Resint ferskynd

Anne Popkema
Yn juny kinne studinten út de hiele wrâld wer leare om midsiuwske Fryske teksten te lêzen. Dy taal liket dan noch sterk op it Ingelsk fan dy tiid. De Ingelsktalige kursus Aldfrysk wurdt dit jier jûn yn Grins. Ferline jier wie er yn it Ingelske Oxford. De dosint is op ‘e nij Anne Popkema fan de Grinzer universiteit.
It program fan de Old Frisian Summer School is dit jier wat útwreide: de studinten krije net allinnich kolleezje yn Oxford, mar kinne ek mei op ekskurzje nei Tresoar yn Ljouwert om de oarspronklike Aldfryske hânskriften te besjen.
De kursus duorret in wike: fan 21 oant en mei 28 juny, en kostet trijehûndert euro (eksklusyf ferbliuw). Mear ynformaasje is te krijen by Anne Popkema: ofssrug.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje