Krookjefakânsje: bern fergees nei 42 Fryske musea

febrewaris 15, 2020 09:15

Yn ’e krookjefakânsje dogge 42 Fryske musea mei oan aktiviteitewike ‘Help pake & beppe de fakânsje troch’. Fan 18 oant en mei 21 febrewaris organisearje se aktiviteiten foar jong en ‘minder jong’. Bern oant en mei tolve jier meie der fergees yn ‘op fertoan’ fan harren pake, beppe of in oare begelieder. Tema dit jier is wetter.

Ofbylding: Museumfederaasje Fryslân

It tema slút oan by it provinsjale temajier ‘Libje it wetter’. Dielnimmende ynstellingen jouwe sels ynfolling oan it tema, faak yn ’e foarm fan in aktiviteit. De aksjewike duorret fan tiisdei oant en mei freed, al wreidet in oantal musea de aksje út nei it wykein.

Populêrder as ea
It is de 19de edysje fan ‘de pake-en-beppewike’. It evenemint is populêrder as ea, fertelt Lisette Zwerver fan Museumfederaasje Fryslân, de stifting dy’t de wike koördinearret. “Ferline jier wiene der 22.000 besikers, in rekôr. Wy hoopje dit jier om wer dat op tal út te kommen. It oantal dielnimmende ynstellingen is yn alle gefallen wer prachtich.”

Utkomst foar pake en beppe
‘Help pake & beppe de fakânsje troch’ is ûntstien út it idee om paken en beppen en bernsbern in útstapke te bieden yn de foarjiersfakânsje. Zwerver: “In protte bern binne yn ’e fakânsje ien of mear dagen by pake en beppe, want heit en mem moatte gewoan wurkje. Efkes de doar út is dan wol lekker. Leafst earne hinne dat foar jong én âld, oantreklik, mar ek learsum en betelber is. En krekt dat hat dizze wike te bieden.”

In oersjoch fan alle ynstellingen en aktiviteiten stiet op www.museum.frl/pakebeppe.

febrewaris 15, 2020 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.