KfdK Arno Brok nimt ‘Kening & Kening’ yn ûntfangst op Falentynsdei

febrewaris 12, 2020 09:55

Ta eare fan it 20-jierrich jubileum fan it printeboek Kening & Kening komt it boek op Falentynsdei foar de twadde kear yn it Frysk út. De makkers fan it boek, Linda de Haan en Stern Nijland, gean by de skoallen del om foar te lêzen, in workshop te jaan en te praten oer diversiteit. Sy hawwe dêrom in twatalige ferteltas makke, dêr’t de Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste eksimplaar fan kriget.

Ofbylding: Afûk

Kening & Kening is in fleurich en grappich boek oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem. Hy wurdt allinnich net fereale op in prinses, mar op in prins! It tema fan it boek, dat foaral giet oer leafde en diversiteit, slút moai oan by Rôze Sneon, dy’t dit jier yn Ljouwert holden wurdt. It boek, dat al yn tolve talen ferskynd is, komt no foar de twadde kear yn it Frysk út, diskear yn in lytsere edysje. It earste eksimplaar fan Kening & Kening wurdt freed 14 febrewaris oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok én oan Grietje en Ellen. Dy mem & mem stienen sintraal yn de lêste heit&mem fan de Afûk en binne de âlders fan Bram en Robin.

De útrikking fan it earste eksimplaar wurdt kombinearre mei in feestlik Falentynsfeest yn de Afûk-winkel. Op it feestje binne dichters Kate Schlingemann en Jetze de Vries fan dichterskollektyf RIXT oanwêzich om minsken te helpen mei it skriuwen fan in leafdesgedicht.

De presintaasje fan Kening & Kening is freed 14 febrewaris om 16.00 oere yn de Afûk-winkel. It boek is fan freed ôf ek fysyk yn de winkel en online te keap.

febrewaris 12, 2020 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.