Keunstwurk leart bern Frysk fia dûnsjen en sjongen

febrewaris 29, 2020 09:14

Stichting Keunstwurk sil seis ûntwerpen útwurkje om keunst- en kultueredukaasje te keppeljen oan it Frysk en meartalich ûnderwiis op Fryske basisskoallen. Keunstwurk wurket dêrby gear mei NHL Stenden, Academy of Social Studies: Laten We Welzijn, de Afûk en meertaligheidssintrum Cedin.

Foto: pixabay.com

Net allinne wurden en grammatika oanleare, mar taal beskôgje as ûnderdiel fan identiteit, fan kultuer, as uteringsfoarm fan jins bewustwêzen. It projekt hjit: ‘Proeftuin Meertaligheid Educatie.’

Op inisjatyf fan it Ministearje fan OC&W en de trije noardlike provinsjes is yn 2016 it programma We the North úteinset. Doel is om it saneamde kulturele ekosysteem yn it noarden te fersterkjen troch programmatyske gearwurking. De ‘Proeftuin Meertaligheid’ is dêr in ûnderdiel fan.

Om de gearwurking tusken ferskate ynstellings en individuën dy’t harren yn it noardeasten fan Nederlân dwaande hâlde mei streekmeartaligens te befoarderjen wol de Proeftuin op it foarste plak in duorsum kultureel netwurk opbouwe. Dêrfoar is no in saneamde ‘call’ útskreaun foar in bedrach fan € 220.000,00, dêr’t kultuermakkers út de provinsjes Grinslân, Drinte, Fryslân, Oerisel en Gelderlân oanfragen foar yntsjinje kinne. It giet dan om publyksfreonlike, ynterprovinsjale kultuerprojekten dêr’t streekmeartaligens in wichtige rol yn spilet. Projekten ynstjinje kin noch oant ein febrewaris 2020.

Sjoch op www.wethenorth.org > proeftuinen > meertaligheid foar mear ynformaasje oer de subsydzjemooglikheden of download de folder Manifest streekmeertaligheid.

febrewaris 29, 2020 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.