Kening Winter is dea, lang sil de klimaatferoaring libje!

febrewaris 29, 2020 20:34

Skôging troch Nanne Hoekstra

In heal jier hjerst

Eigen foto

In jiermannich lyn waard der yn de media wakker beard oer de komst fan in horrorwinter, mei bulten kjeld en snie. Dy kaam doe hielendal net, mar wat my oanbelanget ha we der no ien hân. In pear kear de autoruten skrabje en yn de iere moarn ha ik juster dizze ‘iisflakte’ noch op de foto sette kinnen, dêrmei is de winter fan dit jier foar my wol beskreaun. Fan ‘e wike seach ik nei in heal jier hjerst út earmoed noch mar út nei it bewyske snie dat de waarfoarsizzers oankundigen, of oars soe der dochs faaks noch in tûkeltsje hagel falle foar in kromke wintergefoel? Mar nee, by ús net. In bats reinwetter koe ik juster op ‘e fyts oer my hinne krije, by in skower troch it bluisterige waar. Mei trettjin graden fan ‘e middei op ‘e termometer slút de meteorologyske winter tapaslik ôf mei in tige waarme skrikkeldei. Nei dizze dan mar wer hoopje op in frisse, sa praat ik mysels de lêste sân meagere winters ta, om de moedfearren net hingje te litten. Lykwols wurdt dy hoop algeduerigen in dridzige boaiem yn wâlde.

Sels yn Sweden te min iis

Want de lêste kear dat we wat mear as in pear streekjes sette koenen wie yn 2013. En in wiere winter is net allinnich lang lyn, mar likegoed fier fuort. Ferline jier hie ik myn taflecht mar ris socht yn Sweden om dêr yn de Winterwike op ’e Runnmar by Falun wat te riden. Mar dat reedrydevenemint waard dit jier alhiel ôflast. Sels yn Sweden wie der te min iis en dat hienen se dêr sûnt it begjin fan de iismjittings yn 1852 noch net meimakke. Hegerop by Luleå oan de Botnyske Golf koe der ferline wike al wedstriidriden wurde. Lykwols lei der op ‘e Eastsee oan it begjin fan ‘e wike mar 10.000 kante kilometer oan iis, wylst der dizze winter op syn heechst 29.000 km² oan iis metten is (sa docht waarman Jan Visser te witten). Dat giet wer ta op in rekôr. Dat stiet op namme fan 2015, doe’t de Eastsee maksimaal oer 45.000 km² bedutsen waard. En op nûmer twa stiet, alhiel oerienkommend mei de trend fan opwaarmjende winters, ek al wer in resint jier: 2008 mei 49.000 km². Wylst der yn in echte winter op ‘e Eastsee wol in iistek fan 300.000 km² lizze kin, lykas op 25 febrewaris 2011. Dy winter ha wy hjir yn desimber noch in moaie protte riden. Dít winterseizoen koe men foar it belibjen fan kjeld yn Nederlân allinne yn de koelsel fan it iisskulptuerefestival yn Swol terjochte.

Al wer de op ien nei waarmste winter

Eigen foto

Allyksa jaget langer it iene (dei)waarmterekôr it oare. En ha we dit jier al wer de op ien nei waarmste winter sûnt it begjin fan de mjittings yn 1707 oan ’e fyts hingjen. Dat seinen we noch mar fjouwer jier lyn ek al: de winter fan 2015 – 2016 hie krekt as dizze in trochsneedtemperatuer fan 6,4 °C; allinnich dy fan 2006-2007 wie mei in middelsifer fan 6,6 °C noch justjes mylder (seit Weeronline). Normaal is 3,4 °C. Mar wat is noch normaal? De waarburo’s passe harren normale wearden hieltyd oan by de lêste trije desenniums en om’t de klimaatferoaring no sa hurd giet, sil Weeronline dat tenei sels alle jierren dwaan. Wrâldwiid wie jannewaris 2020 de waarmste foarmoanne ea metten (foarrige rekôr ek yn 2016).

Griemerij mei broeikasgassen en klimaatferoaringsleageners

Wen der dêrom mar oan, seit it KNMI. Lang om let ûntwrakselet dat waarynstitút him oan syn hoedenens foar útspraken oer klimaatferoaring. Want ja, sok waarm of drûch waar of sokke hurde rein wie ommers eartiids troch it ritige karakter fan it klimaat net alhiel útsletten; sa wie altyd it ôfwaaid praat. Mar yn syn Klimaatberjocht fan 25 febrewaris lêstlyn skriuwt meteorolooch Geert Jan van Oldenborgh planút dat sa’n hege wintertemperatuer as dy’t we no meimeitsje, eartiids omtrint ûnmooglik wie, mar tenei, troch it opwaarmjen fan broeikasgassen, foar om de seis jier ferwachte wurdt. Moai dat de waarsaakkundigen soks no streekrjocht doare te keppeljen oan ús griemerij mei broeikasgassen. Dat lûd is wichtich foar dat fan guon populistyske politisy oer, dy’t bygelyks balte dat koaldiokside goed is foar planten; wat op himsels wier is mar net ta de saak docht. En foar it treddepart fan de Nederlanners dat neffens in peiling fan EenVandaag noch hieltyd net leaut oan dy keppeling. Mei tank oan Shell, NAM en AkzoNobel dy’t de klimaatskeptyske wittenskipper Frits Böttcher in miljoen gûne joegen om in ynternasjonaal netwurk fan klimaatferoaringsleageners op te setten (NRC, 22 febrewaris l.l. en LC, 24 febrewaris).

Keunstiis moat likegoed belies jaan

Hawar, dan moatte we mar nei de langste iisbaan fan de wrâld yn de Flevopolder by Biddinghuzen om in streekje te setten. De minsklike fernimstigens is ommers it waar wol treast. Mis! Want koart nei it natueriis moat it keunstiis krekt-en-gelyk belies jaan: Flevonice slút de doarren foargoed. Net om’t der te min flecht op ‘e koai wie, mar om’t de baan te faak net iepen koe troch it waarme waar: dizze winter wol 40 fan de 90 dagen. Dêrom binne de ynkomsten te leech ferlike mei de kosten fan it elektrysk, sa ferdútst direkteur Maarten van der Ven (yn de Stentor fan 25 febrewaris). Dat yllustrearret no krekt wat we ferkeard dogge. Want doe’t begjin dizze iuw de earste plannen foar dy ynearsten 5 km lange baan (de lêste jierren noch mar de helte dêrfan) presintearre waarden, hearde dêr in eigen duorsume enerzjyfoarsjenning by, heucht my noch. As doedestiden net fan dy ynvestearring ôfsjoen wie, hienen se no omtrint fergeze enerzjy hân en hie it noch wol útkinnen.

Hipperkes en teiwaar

Eigen foto

Mar wy wolle net avensearje mei de duorsume enerzjy. Al sûnt 1995 oarganisearje de Feriene Naasje (FN) in klimaattop, mar al it geredendiel dêr hat noch hieltyd net laat ta in tebekkringen fan de wrâldwide broeikasgasútstjit. Nettsjinsteande alle ûnk. Om mar wat resinte rampen te neamen: Kalifornië en Australië ha yn ljochte lôge stien en yn Afrika wankt op it stuit hongersneed troch in hipperpleach fan bibelske proporsjes. Dy lêste is úteinset yn de woastyn fan Oman, trochdat sykloanen dêr sleatfollen reinwetter hinne brochten. Neffens saakkundigen fan de Fiedsel & Lânbou-organisaasje fan de FN komme der dêr hieltyd mear fan troch it opwaarmjen fan de Yndyske Oseaan, sa wie te lêzen yn Trouw (3 febrewaris). Te uzes is oant no ta Kening Winter it foarnaamste slachtoffer. Mar dêr sil it net by bliuwe en by einbeslút reitsje we sels Fryslân kwyt. Mar earst sil ik noch mar in lêste kear oan de strûkmoes en my dan tariede op wer njoggen moanne teiwaar. Of langer…

febrewaris 29, 2020 20:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.