Kening & Kening: it Fryske berneboek oer in homohoulik dat Amearika op ’e kop sette

febrewaris 14, 2020 20:27

Ofbylding: Afûk

Protesten, in rjochtssaak, in wetsfoarstel. Allegear tsjin ien berneboek út Fryslân: ‘Kening en Kening’. Tweintich jier lyn betochten Linda de Haan fan Burgum en Stern Nijland fan Ljouwert it boek. It ferhaal is oerset yn tolve talen en soarge benammen yn Amearika foar in soad opskuor. Freed, op Valentijnsdei, wurdt it boek foar de twadde kear yn it Frysk útjûn.

Nea hiene Linda de Haan en Stern Nijland tocht dat harren ferhaal sa’n diskusje teweechbringe soe. “Mei sa’n ynstek ha wy it hielendal ek net skreaun”, seit frou De Haan. De skriuwster koe yllustrator Stern Nijland fan de keunstakademy en tegearre kamen se op it idee om in mearke te betinken. “En dat is it foar my ek noch hieltyd, in mearke. Net in boek mei in tema.”

It ferhaal

It boek Kening & Kening giet oer in prins dy’t ûnder druk fan syn mem in geskikte prinses siket om mei te trouwen. De prins fynt de prinsessen dy’t delkomme mar neat en wurdt dan fereale op de broer fan Prinses Madelief: Prins Heerlijk. De twa prinzen trouwe en libje noch lang en lokkich. Nei útjefte yn 2000 waard it boek fuortendaalks in sukses. It ferhaal waard yn tolve talen oerset. Mar doe’t it boek yn 2002 yn Amearika op de merk kaam, wie der ek in soad krityk.

Foar safier bekend begûn it yn 2004 by in biblioteek fan in legere skoalle yn de Amerikaanske steat North-Carolina. De âlden fan learlingen fûnen harren bern net âld genôch om it ferhaal te begripen, foaral om’t se tsjin homoseksualiteit binne. Nei de klacht waard it boek allinnich noch mei tastimming fan de âlden oan bern útliend.

Bernemishanneling, propaganda, yndoktrinaasje en pornografy

Dêrnei waard de diskusje allinnich mar slimmer. Termen as bernemishanneling, propaganda, yndoktrinaasje en pornografy komme foarby. “Dy reaksjes diene my neat”, seit De Haan. “Ik moast der eins wol wat om laitsje. Ik koe my der totaal net yn fine.”

De gefolgen fan de krityk uteren har op ferskate wizen. Yn 2005 tsjinne in politikus in wetsfoarstel yn dêr’t yn stie dat âlden yn it foar de boeken dy’t in skoalle keapet, besjen kinne moatte. In jier letter klagen minsken yn Lexington yn de steat Massachusetts de skoalle fan harren bern oan. De skoalle, omdat dy troch it boek foar te lêzen seksuele foarljochting joech, dêr’t de âlden gjin tastimming foar jûn hiene. Beide saken binne op neat útrûn, mar de gefolgen diene wol wat mei frou De Haan: “Ik wol fansels net dat ien ûntslein wurdt omdat dy persoan ús boek foarlêst of dat in bern ús boek net mear lêze mei. Dat fyn ik hiel skrinend.”

“It boek kin in ferskil meitsje”

Nettsjinsteande alle krityk is frou De Haan bliid mei it boek dat se skreaun hat. “It is in boek dat derta docht. It moast besprekber wurde. Guon minsken witte net better en it boek kin echt in ferskil meitsje yn harren libben, ek yn Nederlân.”

Der is dêrom ek in positive ûntwikkeling troch it boek. Der wurde hieltyd mear oersettingen makke. “Krektlyn ha is it boek oerset nei it Italiaansk. Dêr binne wy hiel bliid mei.” Dêrneist docht it ferhaal it ek goed yn it teäter. Yn Dútslân, Ingelân, Argentinië en Meksiko binne der foarstellingen opset. It ferhaal berikt in hiel soad jeugd en dat docht De Haan goed. “Ik bin lêst ek ynterviewd troch in jonge út Yndia. It wie in emosjoneel petear. Hy is sels homoseksueel en sei dat er woe dat er yn it ferline dit boek lêzen hie. It hie syn libben in hiel stik makliker makke.”

Op skoallen foarlêze

Om dy reden wolle De Haan en Nijland yn de takomst mear nei skoallen ta om it boek foar te lêzen. De Haan: “Skoallen fine it faak dreech om dizze ûnderwerpen te behanneljen of sizze dat it yn harren klasse net nedich is. Foar ús in lytse muoite om it boek mei te nimmen en oan de hân dêrfan it petear oan te gean mei bern.” De Haan seit dat it boek op de ien of oare manier in feilichheid mei him meibringt.

Neffens frou De Haan is it tige wichtich dat skoallen oandacht oan dit tema besteegje. “Ik tink dat wy dit boek no mear nedich ha as tweintich jier lyn. Noch mar fiif jier lyn hearde ik wer in ferhaal út Amearika. In dosint seach dat der pest waard yn de klasse en besleat Kening & Kening foar te lêzen.”

Dy dosint, Omar Currie út Efland, krige dêrnei twahûndert lilke âlders oer him hinne en hat dien nommen. Frou De Haan: “Ik kin my echt net foarstelle dat dat yn dizze tiid noch bart. Wy binne neat opsketten, liket it wol.”

Boarne: Omrop Fryslân

febrewaris 14, 2020 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.