Keamerfragen oer Frysktalich plysje-unifoarm

febrewaris 7, 2020 19:22

Wat is der eins op tsjin om it Fryske wurd plysje op de unifoarms fan Fryske plysjeminsken te setten? Dat wolle de Twadde Keamerfraksjes fan CDA en D66 witte fan minister Raymond Knops fan ynlânske saken. De fêste Keamerkommisje foar ynlânske saken hat mei op oanstean fan de Ried fan de Fryske Beweging kritysk sjoen nei it taalbelied fan it Ryk yn Fryslân. D66 eanet dat de minister eins net fan doel is en fergrutsje de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, in fiergeande beskuldiging, dêr’t Knops noch op reagearje moat.

De Keamerleden reagearje op in brief dat Knops yn desimber skreaun hat oer it Rykstaalbelied. De reaksje is kritysk. Sa wolle de Keamerleden witte wat no krekt de ôfspraken binne oer it taalgebrûk yn de telefoanyske meldkeamer fan ‘e helptsjinsten yn Drachten, en oft garandearre wurde kin dat de plysje yn Fryslân oanjeften yn it Frysk opnimt.

De fraksjes fan VVD, CDA, D66 en GrienLinks wolle dat de minister konkreet te witten docht wat er fan doel is mei it janpoepsplak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Ut in ferslach fan ‘e ûnderwiisynspeksje dat yn desimber ferskynd is, docht bliken dat it net bêst liket mei it fak Frysk op de measte skoallen. In soad leararen witte der te min fan en in soad skoallen dogge net wat se dwaan moatte. Kritysk binne de Keamerleden fierder oer de muoite fan it Ryk om de Fryske Akademy en Omrop Fryslân oerein te hâlden en oer it belied oangeande it Frysk yn de soarch. De VVD wol ek dat it Ryk yn de ferslaggen oer it Ramtferdrach oangeande minderheden mear ambysje sjen lit.

It stik fan de Keamerleden is hjir nei te lêzen.

febrewaris 7, 2020 19:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.