Katalaansk regear: Ferbrek jo net!
Resint ferskynd
As ien in útlânske skôging hat, wurdt er yn Kataloanië komselden yn it Katalaansk oansprutsen. Dat moat oars, seit de Katalaanske minister fan kultuer Maràngela Vilallonga. Hja hat woansdei ferslach útbrocht fan de kampanje No em canviïs de llengua (“ik ferbrek my net”), dy’t yn septimber fan ein gien is.
De kampanje is ûntstien nei in oprop dêrta fan in frommeske út Peru, dat yn Kataloanië wennet en der argewaasje fan hie dat minsken har altiten yn it Spaansk oansprutsen. Hja beskôge it as in foarm fan diskriminaasje dat minsken der om har uterlik fan útgiene dat hja gjin Katalaansk prate soe.
Neffens Anna Erra, Katalaansk parlemintslid foar Junts per Catalunya, is it wichtich dat de Katalanen harren taal sjogge as de taal fan elkenien dy’t yn Kataloanië wennet. Hja seit dat it wichtich is foar de taal en foar de ynboargering fan nijkommelingen dat Katalanen harren taal ek brûke tsjin nijkommers, ek as dy der net-Katalaansk útsjogge of Spaansk weromprate.
De belangstelling foar it learen fan it Katalaansk is grut. De ôfrûne twa jier hawwe njoggenhûndert tûzen minsken in begjinnerskursus Katalaansk folge. De anty-Katalaanske partij Ciudadanos hat de útspraken fan frou Erra as “rasistysk en arrogant” betitele.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje