Jongereinboek ‘Tsjilp’ nominearre foar IBBY

febrewaris 10, 2020 10:08

Tsjilp is in jongereinboek mei 26 gedichten oer 26 fûgels dy’t in ridlik soad foarkomme yn ús provinsje, stipe troch kleurrike linoleum-printen. Earder is it al nominearre foar de Simke Kloostermanpriis en no komt it Fryske boek yn ’e beneaming foar in IBBY-award, in Europeeske priis foar jongereinliteratuer. Benijd nei Tsjilp? It Fryske Gea jout in stikmannich eksimplaren wei. Besjoch de winaksje.

Ofbylding: Lienke Boot/DeRyp

Yn binnen- en bûtenlân wurdearre
It boek Tsjilp fan Eppie Dam (skriuwer) en Lienke Boot (tekeneres) is yn 2017 troch Utjouwerij DeRyp útjûn. De 26 gedichten mei byhearrende ôfbyldings waarden yn it Frysk tige goed ûntfongen. De earste printinge wie gau útferkocht en dêrnei folge in twadde printinge. En mei twa nominaasjes op rige kin yn 2020 in priis yn Moskou ophelle wurde.

It boek wurdt ek útjûn yn it Nederlânsk. De oersetting fan Eppie Dam is al klear, mar it boek moat opnij útjûn en printe wurde. De plenning is om dat boek yn ’e maitiid fan 2020 út te bringen. De foarriedige wurktitel fan it boek is Tjielp of Vragen aan de ooievaar!

Winaksje
Wolsto kâns meitsje op in Frysk eksimplaar fan Tsjilp? Mail dan dyn motivaasje en adresgegevens nei actie@itfryskegea.nl en wa wit bemachtigesto aanst dat populêre jongereinboek. Mooglik oant freed 14 febrewaris 2020.

febrewaris 10, 2020 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.