Jan Willem Zwart: Leare fan de fûgels

febrewaris 8, 2020 20:00

Kollum

boarne: pixabay.com

Yn dizze tiid fan it jier keppelje ferskate fûgels byinoar en fleane se yn grutte kloften troch de loft. In moai ferskynsel binne de grutte kloften mei protters dy’t tsjin de jûntiid har sliepplak opsykje. De bjusterbaarlikste foarmen ferskine yn de loft. Donker, ljocht, rûn, lang of just hiel breedút. It beweecht en it is in strieling foar it each om by wei te dreamen, te mimerjen en fragen oan josels te stellen. Binne it tûzen, fiiftûzen of miskien wol hûnderttûzen?

By harren trek nei it suden meie de protters graach efkes bytanke yn de reiden. Dat hat alles te krijen mei de ûntwikkeling fan dit soarte fan sompen. Dy binne tige geskikt as sliepplak foar de protters.

It hat ek mei it waar te meitsjen dat de fûgels no te sjen binne. Earder giene de fûgels folle fierder foart as tsjintwurdich. It is goed waar en de temperatueren fan dizze winter hawwe nea earder sa heech west. It earste ljipaai wurdt hast fûn. Wa’t goed sjocht, sjocht dat de protters fan reid hâlde om yn út te resten. Dêr binne se feilich foar rôfbisten fan ûnderen op. As der protters binne, komme der ommers ek oare soarten op ôf, soarten dy’t protters frette lykas de hauk en de noardske falk. Groepen fûgels binne feiliger, want dan wurdt it foar rôffûgels tige dreech om der ientsje tusken út te pikken.

Sjen nei fûgels ropt fragen op. Dat giet fansels. Fragen as hoe kin it dat der nea fûgels tsjininoar oan fleane? Of, wa hat de lieding yn dit soarte fan fleanoefeningen? Mar ek, is it in metafoar foar ús minsken? Wat kinne wy fan de fûgels leare?

Leare fan fûgels. It wie Fransiscus fan Assisi (1181-1226) dy’t mei de fûgels prate. In wichtich sitaat fan him is Wês priizge, Hear, mei al jo skepsels.” Troch Fransiscus syn omgong mei de fûgels wist er as ien fan de earsten it belang fan bioferskaat te ûnderstreekjen. Moatte wy der net alles oan dwaan om it bioferskaat dat wy noch hawwe op alle manieren te behâlden? Soene we net allegearre leare moatte fan de fûgels?

Leare fan de fûgels. It is net ienfâldich. Tiid en echt sjen is de kombinaasje dy’t wy nedich hawwe. Leare fan de fûgels. It giet derom dat jo sjogge en je ferwûnderje litte. Ferwûndere oer dat alles yn de natuer út himsels goed giet. Dat de fûgels net tsjininoar oan fleane, se inoar de romte jouwe, se mei-inoar foarinoar beskermje, se harren oanpasse oan de situaasje fan it no. Se meibewege mei it klimaat. Se ite wat it seizoen harren biedt en dat se harren oanpasse. Ut dy ferwûndering wei sjen bringt sa folle mear as allinnich mar oer fûgels prate.

febrewaris 8, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.