Jan Schokker: Der Tischtikker

febrewaris 29, 2020 20:00

Kollum

Foar de standbou hawwe wy wer in hiele wike nei Dútslân ta west, mar dan geane wy fansels net inkeld foar it wurk op reis. Alle kearen is it foar ús ek in kultuerútstapke: wy moetsje prachtige minsken, sjogge de moaiste âlde stedsjes, ferwûnderje ús, nimme wat op, mei en yn. Diskear sieten wy yn Gräfenberg, sa’n tritich kilometer boppe Neurenberg, in oerâld stedsje mei trije poarten en idyllysk tsjin de berch oanplakt. De âldste gebouwen binne noch fan foar 1300. It is dat der auto’s omride, oars waanst dy werom  yn dy tiid. Dútsers hâlde fan tradysjes. Neat mis mei, want sa bliuwt der fansels in bulte fan it ferline bewarre. It folk is warber en wurket deeglik en boppedat beleanje se harren sels tige goed mei grouwe hompen fleis en flinke potten bier. Ek alhielendal neat mis mei, wy passe ús wol oan. Ik tink oars al dat se wolris in flinke skop ûnder de kont ha kinne, as ik sa de âlderwetske winkeltsjes besjoch dêr’t de knotten jern noch yn de etalaazje lizze. Opromje de binde, tink ik dan, jou blinders de hiele boel ris in fris kleurke, guon fleurige LED-lampkes deryn en flink wat strakkere logo’s op de ruten, it kin wol in tikje nijerwetsker. Yn Dútslân liket it dat alles wat altyd west hat ek foar de takomst goed genôch is. Stilstean is op it lêst ek foarútgong, want de klok tikket wol  troch.

Hoe soe it hjir mei de jongerein wêze, fregen wy ús ôf. Ha se hjir eins wol jongerein? Foar it gemeentehûs oer sieten wy yn in moai lyts kroechje, net folle grutter as in húskeamer, mei lambrisearring, in houten doar mei swart beslach út it jier 1343 en in leech plafond dat fol hong mei krystfersiering, ek al wie it ûnderwilens healwei febrewaris. In stel jongfeinten siet yn de hoeke oan in taffeltsje en se hiene wakker wille mei mânske pûlen bier, skalen mei soerkoal en jirpels, in bak slaad en net te ferjitten in board mei in grou stik fleis. Sa no en dan kaam der in maat by. En no komt it, by it inoar begroetsjen tikken se alle kearen wer mei de knokkels fan de fûst op ’e tafel.

Wy krigen ek ús donker bier, en de bak slaad én de bonke fleis, wylst it jongfolk oer gie op de schnapps om tusken it tikjen troch ús beiden ris ta te laitsjen. Efkes letter fregen se wêr’t wy wei kamen en oft wy yn Gräfenberg mei fakânsje wiene. Fansels, as minsken op jierren earne ferskine binne se op fakânsje. Op de beursflier sjogge se ek hieltiid ferwûndere nei dizze twa grize âldsjes. Bouwe sokken noch stands? Ja! Moat soks net ferbean wurde? Nee! Kinne wy earne dizze misbrûk melde? Soe ’k mar dwaan. Och, it is ek wol wer oandwaanlik, fan alle kanten besykje se ús faak te helpen.

Dizze jonges ek, se brochten ús in gleske schnapps en fertelden doe wat oer it libben yn Gräfenberg en it wurk dat se diene. Spitich genôch ha ik doe net fierder frege oer harren nuveraardich Tischtikjen.

Letter dy wike, yn wer in oare kroech mei noch mear lambrisearring en krystfersiering, kamen wy dat Tischtikjen wer tsjin, mar no by wat âldere maten; sels in man fan ús leaftiid tikke lichtsjes op de tafel doe’t er in frou in boekje oer Jezus jaan woe. By froulju of mei Jezus tikkest blykber sa hurd net. Dizze kear fregen wy al wat soks te betsjutten hie, mar we krigen net folle mear te hearren as dat it samar in âld gebrûk wie.

Wer werom ha ik it WrâldWideWeb derop neisocht. It stammet foaral út it studintelibben, docht bliken: as de professor in betooch holden hie dêr’t de studinten it mei iens wiene, tikken se mei de knokkels op de tafel as in foarm fan ynstimming.

Thús doch ik dat no ek, fan my kriget de frou gjin tút of kompliminten mear. Se fynt it mar neat, har moaie nije itenstafel krijt al keale plakken.

febrewaris 29, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.