Jacqueline Spendel nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân

febrewaris 10, 2020 15:49

Jacqueline Spendel (49) út Mantgum wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Spendel hat jierrenlange ûnderfining as liedingjaande en projektmanager yn de media, ûnder oare by Omrop Fryslân. Se folget op 1 augustus 2020 Amarins Geveke op, dy’t nei seis jier de Folkshegeskoalle ferlit.

Jacqueline Spendel wie fan 2006 ôf wurksum by Omrop Fryslân yn ferskate liedingjaande funksjes. Sy wie dêr ûnder mear ferantwurdlik foar projekten as de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden, Lân fan Taal (LF2018) en it Grut Frysk Diktee. Dêrfoar wurke Spendel as einredakteur en redakteur by de VARA, de NCRV en oare publike omroppen. Har oplieding folge se oan de Academie voor de Journalistiek & Voorlichting yn Tilburg en se besette ferskate bestjoersfunksjes, ûnder oare by de Ried fan Tafersjoch fan Museum Drachten.

Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Jacqueline Spendel bringt in moaie kombinaasje mei fan ûnderfining yn de media en de (Fryske) kulturele sektor. De Folkshegeskoalle hat de ôfrûne jierren mei Amarins Geveke oan it roer in takomstbestindige koers ynset, mei nije kursussen en feroaringen yn de akkommodaasje. Wy hawwe der alle fertrouwen yn dat wy dêr mei ús nije direkteur op trochbouwe kinne en sa relevant bliuwe as bysûnder plak foar moeting en ûntwikkeling foar jong en âld.”
Jacqueline Spendel: “Ik wol my mei hert en siel ynsette om wat der opboud is te behâlden en fierder de takomst yn te bringen. It ferbreedzjen fan it kursusoanbod is dêrby ien fan myn belangrykste doelen. En noch mear minsken genietsje litte fan it moaiste plak op ierde: Folkshegeskoalle Schylgeralân!”

Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret meardeiske kursussen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter en is dêrneist beskikber as (groeps)akkommodaasje. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. It is de iennige folkshegeskoalle dy’t der noch is yn Nederlân.

febrewaris 10, 2020 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.