It ‘Wurd’ Wat – poëzy yn Fryslân

febrewaris 19, 2020 09:00

Mei literêre inisjativen as in nij dichterskollektyf, de Dichter fan Fryslân, in Fryske Dichter des Vaderlands en it útroppen fan Ljouwert ta Europeeske ‘City of Literature’ liket it wol as baarnt der in nij poëtysk fjoer yn ‘e provinsje. Yn de dokumintêre It ‘Wurd’ Wat nimt Fryslân DOK de temperatuer op fan it dichtersklimaat.

Tsead Bruinja (foto: Omrop Fryslân)

Poëzy is in belangrike pylder fan in libbene taal en in bloeiende kultuer. Dochs ferkeapet in goeie dichter op syn heechst in pear hûndert eksimplaren fan syn nijste bondel. Moat in dichter op syk nei oare manieren om syn wurdkeunst oan de man te bringen?

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja sjocht net folle ferskil tusken poëzy en muzyk. Oan syn gedichten en optredens jout er safolle muzikaliteit mei, dat er it publyk meinimt yn ritme en melody. Klassikus en dichter Piet Gerbrandy ûnderskriuwt dat idee. Lyryk en muzyk hawwe deselde oarsprong. Poëzy is bedoeld, seit hy: “om it publyk yn gesprek gean te litten mei in gedicht.” As artistyk lieder fan it festival ‘Explore the North’ en ‘City of Literature’ wol Marleen Nagtegaal neat leaver as dat publyk en dichter elkoar moetsje. Se is der wis fan dat der ferlet is fan poëzy en se wol minsken der spontaan mei yn oanrekking komme litte. Dichteres Grytsje Schaaf toant har wurk it leafst op ûnfertochte plakken, lykas op skoallen, strjitlampen of fytspaden.

Grytsje Schaaf (foto: Omrop Fryslân)

Programmamakker Bart Kingma giet mei dizze fjouwer minsken yn petear. Tagelyk bringt er de poëzy yn byld mei Fryske Picture Poems. Foarm en ynhâld krije sa likefolle oandacht. Bart Kingma: ‘Krekt as yn in gedicht.’

Fryslân DOK It ‘Wurd’ Wat – poëzy yn Fryslân
22 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 13.10 oere)
23 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 19, 2020 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe febrewaris 19, 19:39

    Gjin omtinken fan ItNijs foar it ferdwinen fan It Beaken, wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy sûnt 1938?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.