Ingelsktalich boek oer de minderheids(taal)kultueren fan Baly en Fryslân

febrewaris 20, 2020 08:56

Foto: Rients Faber

In earder Ingelsktalich artikel fan himsels hat Rients Faber ferwurke ta in kreas boekje mei in soad sfearfolle yllustraasjes yn kleur fan Baly en Fryslân: Bali and Fryslân, aspects of their vernaculars.

Gearfetting Bali and Fryslân
Yn Baly en yn Fryslân kin de typyske, âlde, regionale kulturele situaasje definiearre wurde as in minderheidskultuer yn relaasje ta de nasjonale steat dêr’t se diel fan útmeitsje. Yn beide regio’s fynt de typyske kulturele manifestaasje syn oarsprong yn in unike, yndirekte ûntwikkeling.

Der binne lykwols inkelde opmerklike ferskillen waar te nimmen yn de wize dêr’t primêre identiteit op smeid en stifte waard yn Baly en yn Fryslân. In bysûnder ferskil is te finen yn de rollen fan religy en taal: op Baly foarmje religy en tradysje de primêre kulturele identiteit, wylst yn Fryslân taal en skiednis de wichtichste identiteitsmarkearders binne.

It boekje, dat 88 siden telt, is troch Brave New Books útjûn as paperback; ISBN 9789402146059; priis € 20,95.

febrewaris 20, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.