“Ik tocht: wy besykje it gewoan ris”: Van der Molen stelt fragen oan minister yn it Frysk

febrewaris 12, 2020 21:28

Harry van der Molen, foto: Twadde Keamer

CDA-Keamerlid Harry van der Molen, bekend fan syn striid tsjin de feringelsking fan it heger ûnderwiis, stiet ek op ‘e bres foar it Frysk. Hy hat minister fan ûnderwiis Ingrid van Engelshoven dêr krityske fragen oer steld. Dat die er yn it Frysk. As hja dy taal net lêze kin, wol er har wol “in hantsje helpe”.

Neffens Van der Molen doocht it net dat der hast gjin minsken mear Frysk studearje wolle en dat tsjinstanners fan gaswinning dy’t dêrtsjin protestearje wolle by it ministearje fan ekonomyske saken harren ferbrekke moatte. Ek as it ministearje formeel net ferplichte is om Fryske stikken te akseptearjen, soe it neffens him wol tsjûgje fan klantfreonlikens om ien te sykjen dy’t se lêze kin en der yn it Frysk op antwurdzje kin.

Oft minister Van Engelshoven syn Fryske fragen beantwurdzje sil, wit Van der Molen net. Hy seit: “Ik tocht: wy besykje it gewoan ris.”

Van der Molen komt fan Koatstertille en wennet yn Ljouwert. Hy hat foar it CDA wethâlder yn de gemeente Ljouwert west.

febrewaris 12, 2020 21:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.