Ierappel (gedicht)

febrewaris 22, 2020 09:30

Ierappel

Foto: pixabay.com

Op ’e klaai, op riggen, groeie de knollen,
simmers, boppe de grûn fjilden fol, stiet
it lof mei blommen, pears of wyt,
oant se grut genôch binne om te dollen.

Eartiids mei de hannen sykje, op knibbels yn ’t slyk,
dan thús, siede of bakke, wat je mar wolle
of yn ’t fabryk, makke ta patat of foer, nea te folle,
yn in minskemûle of bistebek rekket it wol kwyt.

Se binne fêst of blommich en kinst se op ferskate manieren ite,
stamppot mei in gehakbal, kroket mei in heal hintsje
of tinne sâlte skyfkes flaubite.

Irene, Marijke, Borger of Bintsje,
hoe’t se ek mar hite,
de ierappel fertsjinnet in lintsje!

Marieke Langhout

febrewaris 22, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.