Hûdhonger

febrewaris 18, 2020 07:00

Ferlet fan oanreitsjen begjint eins al by de berte as de lytse poppe op ’e siik is nei de memmetate, as utering fan de taastsin. Mar ek de ynlikens fan it fêsthâlden. Dat spilet net allinnich by de berte mar eins it hiele libben troch, ek yn de faze fan de libbensein. Krekt by de âlderein en by iensumens. Hûdhonger krigest by gemis of it langjen nei it oanreitsjen troch in oarenien of húsdier.

As yn de rin fan it libben efterútgong is fan in oantal sintugen lykas mei it sjen, it rûken of it hearren, bliuwt de taastsin it langst bestean. It is úteinlik de yntymste kommunikaasjefoarm. Alle sûchdieren, sa ek de minske, hawwe ferlet fan in oantal basisbehoeften lykas iten, wetter mar ek fan burgen wêze .

Op dit stuit, en oant en mei 29 maart 2020, is der in útstalling yn it Karmelkleaster te Drachten. Dat waard yn 1935 boud en oant 1993 funksjonearre it noch sa. Yn dy tiid wennen dêr susters, de saneamde Karmelitessen. Dy froulju diene net allinnich ôfstân fan harren famylje mar ek fan de wrâld bûten it kleaster. Sy giene letterlik efter it slot. Sy moasten har foegje nei de regels fan de mienskip mei in ûnthjit fan hearrigens, soberens en suverens, sûnder lichaamlik kontakt mei de oare susters.

Net allinnich is dy foarm fan hûdhonger dêr te sjen mar ek in soad skilderijen, foto’s en bylden fan it folsleine libben: fan de berte ôf oan it ôfskied ta. Mar ek yn de fazen fan demintens en oare foarmen fan behelperigens.

Koartsein in prachtige útstalling yn in moai gebou. In echte oanrieder, just yn de tiid dat minsken hieltyd mear kommunisearje mei mobyl, kompjûter ensafuorthinne yn stee fan mei de meiminske.

tekst en yllustraasjes Matthijs Verkuijl

febrewaris 18, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.