Hoe’t it fean de wrâld beskermje kin

febrewaris 21, 2020 08:56

Oer de hiele wrâld stjitte útdrûgjende feanlânskippen miljarden tonnen CO2 út. Skotlân is de lêste jierren dwaande om dat tsjin te gean troch syn feanmoerassen wer sûn te meitsjen. Dat lânskip is yn ’e rin fan tûzenen jierren foarme ta in weagjend kleed fan moas, mar de minskehân hat dêr flink skea oan dien.

Caithness yn Skotlân (foto: Wikipedia/Emiel~commonswiki – CC BY-SA 3.0)

Yn Skotlân is sa’n 80% fan de 1,7 miljoen bunder feanlân ferdwûn foar brânje of op oare wize ferrinnewearre. Lang waard it moeraseftige leechfean sjoen as weardeleas. Yn de earste helte fan de foarige iuw waard dêr turf wûn, en sa likernôch 500.000 bunder is yn de fyftiger jierren drûchlein en beplante mei nullebosk. Sok feanlân blykt lykwols tige weardefol te wêzen foar opslach fan CO2. Wrâldwiid befetsje soksoarte lânskippen rûchwei in kwart fan alle boaiemkoalstof, wylst se mar 3% fan it oerflak fan de ierde beslane, sa hat bliken dien út ûndersyk fan it Feriene Naasjes Omjouwingsprogramma.

Troch minskehannen binne grutte gebieten feroare fan CO2-opnimmend yn CO2-útstjittend. Utdrûge fean stjit wrâldwiid sa’n twa miljard ton CO2 út troch ferbrâning en oksidaasje, dat is 5% fan de broeigassen. Dat sil slim tanimme, is de ferwachting. Sa stadichoan wurdt dúdlik dat feanlân ideaal is om útstjit fan CO2 ophâlde te litten of sels as CO2-spûns te tsjinjen. Alhoewol Kanada, Ruslân en Yndonezië de grutste lapen fean hawwe, docht Skotlân it meast syn bêst om it fean yn syn oarspronklike steat werom te bingen.

De grutte fraach is oft it op dy wize slagget om de CO2-útstjit in ho ta te roppen, mooglik sels om skielk wer CO2 opnimme te litten. Om dat te witten te kommen ûntwikkelen wittenskippers fan de ûndersyksgroep fan Thurso, Skotlân (University of the Highlands and Islands’ Environmental Research Institute) techniken om de sûnens fan it fean yn ’e gaten te hâlden. It ôfbrekken fan in ekosysteem is net sa dreech, mar om it wer op te bouwen is in oar ferhaal.

It werombringen fan feanlân wie de lokale befolking earst net bot nei it sin, mar dat is yn ’e rin fan de jierren feroare, omdat dúdlik waard hokker mooglikheden it fean jout. De nullebosken woene net goed groeie en hiene in protte lêst fan pleagen. De tiidgeast feroare boppedat. It regear fan Skotlân hat foarrang jûn oan it tebekkringen fan de CO2-útstjit. Undersyk yn 2017 toande oan dat in grutte mearderheid fan de Skotten der foarstanner fan is om klimaatferoaring tsjin te gean, mar ek de wetterkwaliteit te ferheegjen en in natuerlike omjouwing te ferbetterjen.

Feanmoas/Sphagnum Fallax (foto: Wikipedia/Christian Fischer – CC BY-SA 3.0)

De earste proeven (om 1994 hinne) beloofden al hiel wat. De ûndersikers meaten gassen, waarmte, wetterpeil, boaiemtemperatuer en delslach. Grutte stikken bosk binne kappe en it ferdrûgjen is opholden. Nei sechtjin jier wie it fean safolle ferbettere dat it wer CO2 begûn op te nimmen. Letter die bliken dat oare strategyen noch flotter wurkje. Yn Kanada wurde fergelykbere resultaten fûn. It duorret frijwat jierren ear’t de wetterlopen har wer foarme hawwe. Underwilens sitte de ûndersikers yn Skotlân yn noed oer de plannen fan it Britske regear om miljoenen beammen te plantsjen. Om it belang fan feanlân te kennen is it tige wichtich om goed te mjitten hokker ynfloed de sûnens fan it fean dêrfan is. Faaks kinne satellytmjittingen dêr goed by helpe. Moerasfeanen azemje mear metaan út, mar dat wurdt mear as kompensearre troch opslaan fan CO2 en stikstofoksiden.

Yn Yndonezië binne ek grutte feangebieten te finen. Dy steane ek tige ûnder druk en in protte binne de lêste tsientallen jierren ferdwûn. Yndonezysk fean is oars as wat wy kenne. Dêr bestiet fean just yn it skaad fan bosken. Om oan grûn foar palmoaljeplantaazjes te kommen binne dy kappe en is it wetterpeil omleech brocht. Soks giet efkes goed, mar troch de drûchte ûntstiet gau bosk- en feanbrân. Nei ferskuorrende feanbrânen yn 2015 hat de steat in ambisjeus plan makke om twa miljoen bunder feanbosk werom te winnen. Alline al it omheechbringen fan it wetterpeil hat it tal brannen fermindere en Yndonezië kin dêr de helte fan syn CO2-doelen mei helje. Al wurdt der ek oan twivele oft der genôch bosk weromkomt, it effekt kin grutter wêze as dat yn Skotlân.

Wrâldwiid wurdt, spitigernôch, mear fean oantaast as sûn makke. De trend is noch altiten de ferkearde kant op. Hans Joosten (de Peel, 1955) seit dat alline al it wiet meitsjen fan fean in geweldige stap yn de goeie rjochting is. Troch alle feangebieten op ’e wrâld yn goede steat te bringen kinne wy tsien oant fjirtich persint fan de Parysdoelen helje. Mar dan moat wol oeral (ferdrûge) fean wiet makke wurde en net alline wêr’t dat goedkeap kin of wêr’t it maklik is.

Troch de hege temperatueren yn de simmer fan 2019 is yn Skotlân 500 bunder fan it nije feanlân ôfbrând. Gebieten mei in protte moas kamen goed troch de brân. It hat in goede les west om te sjen hoe’t goed fean wer better wurdt nei brân en wat dêrfoar nedich is.

Boarne: Virginia Gewin, Nature 578, 204-208 (2020), ‘How peat could protect the planet’
Oersetting: Diûwerd Kramer
Webside: www.nature.com/articles/d41586-020-00355-3

febrewaris 21, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.