Hichtepunten út de Fryske literatuer yn boekfoarm

febrewaris 16, 2020 08:56

Utjouwerij Het Nieuwe Kanaal hat it inisjatyf naam foar in bysûnder boekprojekt: De bêste Fryske ferhalen fan de 20e en 21e iuw.

Foar dy útjefte, dy’t útsein yn it Frysk ek yn it Nederlânsk ferskynt, wurde de ferhalen keazen troch in tiim fan literatuerkenners, foarme troch Jetske Bilker, Eric Hoekstra, Goffe Jensma, Jelle van der Meulen en Abe de Vries.

Sy litte har ek graach troch oaren ynspirearje. Op de Facebookside fan De bêste Fryske ferhalen kin elkenien oanjaan hokker literêre hichtepunten fan Frysktalige auteurs yn elts gefal yn it boek opnaam wurde moatte soene.

febrewaris 16, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.